Omrop Fryslân

Kieze tusken iten of in waarm hûs: yn dizze gemeente is in soad enerzjy-earmoed

Bern boartsje yn in fontein
© ANP
Troch oprinnende enerzjykosten binne der ferline jier mear minsken yn earmoed rekke. Yn Fryslân stekt de gemeente Achtkarspelen der yn negative sin boppe-út.
"Soms moatte minsken kieze tusken fatsoenlik iten en in waarm hûs", seit enerzjycoach Jarno Steringa. Wethâlder Jelle Boerema fan Achtkarspelen neamt de situaasje 'verontrustend'.
Dat de enerzjyprizen ferline jier wer hurd omleech giene, betsjut net dat minsken wer mear te besteegjen hiene. Benammen Achtkarspelen hat relatyf in soad te krijen mei enerzjyearmoede.
Hjir lei it persintaazje yn 2023 om de 10 persint hinne, docht bliken út sifers fan it CBS. Dêrmei is dizze gemeente de dubieuze koprinner yn Fryslân.
Nivo enerzjyearmoed de gemeente yn Fryslân
© CBS
Jarno Steringa is enerzjycoach yn Achtkarspelen. Hy sjocht de problemen alle dagen. "In soad klanten hawwe kontrakten ôfsletten yn de djoere perioade. Dêr sitte se no oan fêst. Boppedat binne oare saken, lykas syktekosten en boadskippen, djoerder wurden."

70 tûzen hûshâldens mear

Sûnder oerheidsstipe hie nei skatting 10,7 persint fan Nederlân yn 2023 te krijen hân mei enerzjyearmoede. Dat stiet gelyk oan 400 tûzen húshâldens; 70 tûzen mear as it jier derfoar. Dat docht bliken út sifers fan it CBS.
Nivo enerzjyearmoed de gemeente yn Nederlân
© CBS
Dat Achtkarspelen der yn negative sit boppe-út stekt, is ferfelend, seit wethâlder Boerema. Hy kin it wol ferklearje.
"In soad huzen yn ús gemeente binne min isolearre. Dan wurdt it ferwaarmjen djoerder. En de minsken ha hjir faak ek wat minder te besteegjen."
De gemeente hat regelingen om minsken te helpen, seit Boerema, ûnder oare mei it isolearjen fan harren hûzen.

Waskmasjine ynleverje

"We ha ek in wytguod-aksje holden: as minken har âlde waskmasine ynleverden, krigen se in weardebon fan 600 euro, om ien te keapjen dy't minder enerzjy ferbrûkt."
De aksje wie in grut sukses, seit Boerema. "Nei alle gedachten komt der in ferfolch."
Jelle Boerema
© Gemeente Achtkarspelen
Foar in grut part fan it jild is de gemeente ôfhinklik fan it Ryk, seit Boerema. Oant ein 2025 is der mear as in miljoen euro beskikber, mar dêrnei wurdt it 'hiel spannend'.
It is noch net dúdlik oft it nije kabinet de subsydzjes trochset. " En it priisplafond is al ôfskaft ", seit Boerema. Dêrom rjochtet hy him op isolaasje fan huzen. " Dat is duorsum, dêr hast letter noch hieltyd wat oan."
As sa'n kofjesetapparaat in oere oanstiet, kostet dat al gau in pear euro.
Enersjycoach Jarno Steringa
As enerzjycoach stipet Steringa net allinne minsken dy't help brûke kinne op it mêd fan enerzjy, mar ek mei finânsjes.
Hy komt by se del. Nei in rûntsje troch it hûs sjocht Steringa wêr't er kosten besparje kin.
"Dat kin fan alles wêze. Ruten dy't iepen steane, in lege tsjettel, of in âlderwetsk kofjesetapparaat dat in soad stroom brûkt", seit er. "As sa'n kofjesetapparaat in oere oanstiet, kostet dat al gau in pear euro. Yn in jier kin dat flink oprinne."
Jarno Steringa is enerzjycoach yn Achtkarspelen
© Jarno Steringa
Steringa helpt minsken ek mei jierrekken, want net elkenien begrypt hoefolle oft se ferbrûke, en oft dat in soad of in bytsje is.
Hy sjocht ek wolris mei by it ôfsluten fan in enerzjykontrakt. "Minsken hawwe somtiden oanstriid om gewoan de goedkeapste te nimmen. Mar je rinne dêrby wol it risiko dat sa 'n nije maatskippij fallyt giet. Dan nimt in grutter bedriuw it oer, en krijst asnoch in heech taryf te beteljen."
Soms moatte minsken kieze tusken waarm iten of in waarm hûs.
Energiecoach Jarno Steringa
By guon minsken giet it measte jild op oan enerzjy. "Guon moatte kieze tusken in fatsoenlik miel of in waarm hûs", seit Steringa. "Seker by ien mei in jong gesin soarget soks foar in soad stress. En bern fiele dat."

Oerheid

De oerheid kompensearret dizze groep wol, mar leveret gjin maatwurk, seit er. "De ien krijt somtiden tefolle, dêr 't in oar krekt tekoartkomt."
De enerzjycoach sjocht soms skrinende thússitewaasjes. "Ik kom by minsken del dêr 't it tolve graden is. Dêr moatte je fansels goed om tinke, want dat kin sûnensproblemen feroarsaakje. Bygelyks troch skimmelfoarming."

Gjin ynfloed

De situaasje soarget foar frustraasje by de minsken, fertelt er. "Sy hawwe gjin inkelde ynfloed op de hege enerzjyprizen. En dochs kinne se mar dreech rûnkomme."
Steringa erkent dat der gefallen binne dêr't er sels ek wol mei ompankoeket. "Mar je besykje it wurk en it gefoel safolle mooglik fan inoar te skieden. Yn alle gefallen motivearret it om in stap ekstra te setten."
Wethâlder Boerema sjocht sa no en dan ek hiele ferfelende situaasjes, seit er. "Dat minsken winterdeis yn de kjeld sitte. Aldere minsken. Dat is skrinend. En dan wenje we yn Nederlân."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.