Pieter sit yn finansjele problemen: "Yn dat hiele sirkus fan taslaggen binne wy fersûpt"

© Omrop Fryslân
De fêste lêsten net mear betelje kinne, te min jild ha foar sûn iten en gjin nije klean keapje kinne. It oerkomt Pieter Hoeksma út Marrum. De jungle fan it taslaggesysteem hat him yn finansjele problemen brocht en dêrtroch makket hy gebrûk fan de voedselbank.
De oankundige maatregels fan it demisjonêre kabinet om earmoed te bestriden, moatte de besteanswissigens fan minsken ferbetterje. Mar mei jild allinnich binne de problemen fan Pieter net fuortendaliks oplost.
Problemen mei taslaggen en rekkens net mear betelje kinne. Foar de 35-jierrige Pieter begûn it sa'n tsien jier lyn en is it stadichoan slimmer wurden. Hy hat in skildersbedriuw en wie eltse wike wol fyftich oant sechtich oeren dwaande mei syn bedriuw.

"Tûzenen euro's werombetelje"

"Mar úteinlik wie dat allegear net genôch. Somtiden fertsjinnen we mar in pear euro's tefolle en koene wy tûzenen euro's werombetelje." Pieter en syn famylje makken gebrûk fan soarchtaslach en berneopfangtaslach. De skulden rûnen nei ferrin fan tiid yn de tûzenen euro's.
Yn dat hiele sirkus fan taslaggen binne we gewoan fersûpt.
Pieter Hoeksma
Pieter wraksele mei it taslaggesysteem. "Yn dat hiele sirkus fan taslaggen binne wy gewoan fersûpt", seit Pieter. It hat him in soad koste. Syn relaasje mei de mem fan syn bern gie stikken en Pieter krige behoarlike mentale problemen, wêrûnder burn-outs.
Hy koe syn boadskippen net mear betelje en komt no sûnt in jier by de voedselbank. Dochs kin Pieter net sizze dat hy yn earmoed libbet.

"Net hielendal ferjitten"

"Ik ha noch net in dei net ite en drinke kinnen. Der binne lannen dêr't se it folle swierder ha. Je kinne der lulk om wurde, je kinne der fertrietlik fan wurde. Mar ik bin al lang bliid mei wat wy krije en dat je net hielendal ferjitten binne", seit Pieter.
Tiisdei is it Prinsjesdei. Op de tredde tiisdei fan septimber biedt minister Kaag fan Finânsjes de miljoenenota en de ryksbegrutting oan de Twadde Keamer oan. Der is no al dúdlik dat it kabinet jild útlûke sil om de keapkrêft fan minsken mei in leger ynkommen te ferbetterjen.
Pieter wiist mei de finger nei himsels, as it giet om wa't der skuld hat oan syn situaasje. Mar hy fynt ek dat der in protte flaters yn it jildsysteem sitte, lykas de taslaggen, wêrtroch neffens him finansjele problemen ûntstean kinne.
"It is eins al in helpmiddel om problemen te maskearjen. Je sjogge in tekoart en 'oh, we pompe der wat jild yn'. Mar it jild moat ergens oars weihelle wurde. It binne plasters op djippe wûnen en dat is wat ik sjoch yn de ekonomy", seit Pieter.

"Net te beteljen yn jild"

Troch alle finansjele problemen hat de selswearde fan Pieter in "gigantyske klap" krigen. "Eigenwearde is hiel wichtich foar in minske, dat is net te beteljen yn jild."
De problemen dy't Pieter yn de rin fan de tiid krigen hat, binne dêrmei ek net samar mei jild op te lossen. Sels al soene al syn skulden fuort wêze. Pieter: "It soe in help wêze kinne, mar net foldwaande."