Delgong tal klanten hellet soargen Voedselbank noch net fuort: "Ik bin hiel benaud"

It tal klanten by de Voedselbank Ljouwert rint hurd werom. Op it stuit meitsje noch 350 minsken gebrûk fan itenspaketten, tsjinoer 500 in jier lyn. Dat liket goed nijs, mar de Voedselbank sit der noch wol oer yn.
Oft it komt troch hegere leanen, enerzjytaslaggen of dochs skamte, is foar de Voedselbank dreech te sizzen. It kabinet hat fierdere maatregelen oankundige om earmoed te bestriden, mar de Voedselbank yn Ljouwert betwivelet oft dat minsken mei legere ynkommens fuortendaliks helpe sil.
As de regearing neat docht oan de keapkrêft, rint it tal Nederlanners ûnder de earmoedegrins op nei 1 miljoen, warskôge it Centraal Planbureau yn augustus. It kabinet komt op Prinsjesdei dêrom mei guon maatregels om dat tsjin te gean. Earder gong der al twa miljard nei earmoedebestriding.
Ek by de kommende ferkiezingen is 'besteanswissens' in belangryk tema.
In ôfname fan it tal minsken dat by de Voedselbank komt, liket op it earste gesicht moai nijs. Mar it is foar de Voedselbank Ljouwert dreech om de finger derachter te krijen hoe't dat komt, seit foarsitter Roland Wijmenga.
"Dan rinst dertsjinoan datst de minsken dy't fuortbliuwe net berikke kinst. Datst wol besikest om se te beljen, mar dat se net opnimme. Of wannear'tst se útnûgest foar in yntake, dat se dan net komme. Dus dan is it foar ús ek hiel lestich om ynsjoch te krijen. Ha dy minsken allegear wurk krigen of is der in oare reden wêrom se net komme?"
Benaud foar wat komt
It liket derop dat in diel fan de delgong fan it tal klanten komt troch de taslaggen en mear wurkgelegenheid. Mar it ferklearret net dat de ôfname sa grut is.
"Ik bin hiel benaud as ik sjoch wat der allegear om ús hinne bart", seit Wijmenga. "De finansjele situaasje fan ús lân, besunigingen en belestingferhegingen, dat de minsken dy't it it meast nedich ha wer yn de knipe komme."
Dat kin wer gefolgen ha foar it tal klanten fan de Voedselbank. Se binne derop taret: neffens Wijmenga kinne se noch seker it dûbele fan it klantenoantal fan no oan.
It giet net om fiif euro ferskil oer.
It kin wêze dat guon minsken troch de taslaggen en hegere leanen krekt bûten de boat falle om gebrûkmeitsje te kinnen fan de Voedselbank. "Mar we ha de ôfspraak makke om minsken romhertich temjitte te kommen. It giet net om fiif euro ferskil oer", seit Wijmenga.
Hy tinkt dat om it tal klanten fan de Voedselbank struktureel nei ûnderen te krijen, der wat dien wurde moat foar de ûnderkant fan de mienskip. Oft de twa miljard fan it Ryk genôch is en wat der krekt mei barre sil, moat de tiid útwize.
Wijmenga: "As dat opgiet yn allegear organisaasjes, dan komt it net telâne by de minsken dy't it nedich ha. En dan ha we wer wat optuge dêr't minsken harren bôle mei fertsjinje kinne, mar dêr't de man dy't yn 'e problemen sit neat oan hat."