Wêrom't Friezen dreech oer emoasjes prate: "Gjinien woe de doarpsgek wêze"

Anne-Goaitske Breteler
Anne-Goaitske Breteler © Omrop Fryslân
Hoe sprong Fryslân de ôfrûne iuwen om mei geastlike sûnens? En hoe sit dat no: doare wy ús sieleroersels te bepraten oan de keukenstafel? Anne-Goaitske Breteler wijt der in boek en in tentoanstelling oan. "It is net samar datst hjir faak hearst: se kinne wol tinke."
It wie sa'n seis jier lyn doe't de âlden fan Anne-Goaitske (27) besite krigen fan in befreone psychiater. Hy wurke lange tiid yn Den Haag en wie koartlyn weromkaam nei Fryslân. En der wie wat dat him opfoel.
Syn pasjinten yn de Rânestêd praten makliker oer harren emoasjes as dat se op it Fryske plattelân dogge.
It wie dúdlik, sei er. De oarsaak hjirfan is net allinnich te ferklearjen troch erflikheid, mar soe te krijen hawwe mei sosjale histoarje. Der lei neffens him dan ek in prachtich antropologysk ûndersyk te wachtsjen.
"Hy wist dat ik hjiryn in oplieding folge hie, dus de hint wie helder", laket Anne-Goaitske Breteler (27), dy't de want oppakte mei tawijing.
De geastlik sike jonkhear Calixtus Menalvus de Rotte
De geastlik sike jonkhear Calixtus Menalvus de Rotte © Binne Louw Katsma
In yntinsyf ûndersyk folge. Se luts in soad plattelânsbewenners oan 'e mouwe oer it ûnderwerp en ferskânze har yn ferskate Fryske argiven.
It resultaat: de eksposysje 'De laatste dagen van de dorpsgek', fan moandei ôf te sjen op Nes (Noardeast-Fryslân). Dêrneist pakte se de pinne op. Yn oktober hopet se de lêste letter fan it boek mei deselde namme op papier te setten.
Earst de eksposysje. Anne-Goaitske is tentoanstellingsmakker. Yn Nes wisten se fan har boekplannen en fregen de skriuwster om in eksposysje oer har ûnderwerp op poaten te setten. "In prachtich poadium om it ûnder de oandacht te bringen."
De eksposysje 'De laatste dagen van de dorpsgek' is fan 11 maart oant en mei 2 juny te besjen yn Teätertsjerke Nes (Noardeast-Fryslân).
Nei alle gedachten ferskynt it boek mei deselde namme fan Anne-Goaitske Breteler yn oktober dit jier.
Fitrines komst net tsjin yn de tsjerke. Op de tsjerkebanken lizze grutte platen dêr't de objekten op útstald binne. Alles is ferbûn oan in tema.
'Rykdom', 'earmoed', 'de rol fan de frou', it fenomeen 'doarpsgek', en 'psychiatry op it plattelân', it is allegearre ûntliend it boek fan Anne-Goaitske.

Deljaan yn it 'Freudhoekje'

Besikers kinne har deljaan op in sofa yn it 'Freudhoekje', neamd nei de ferneamde psycholooch Sigmund Freud. Dêr pakke se in kaartsje en mei dêrop in fraach oer in emoasje.
"Do ûnderfynst dan wat it mei dy docht ast bygelyks neitinkst oer 'betizing'." It is neffens har wichtich om it ûngemak (fierder) te ferdriuwen.
It Freudhoekje
It Freudhoekje © Binne Louw Katsma
Mar dat Fryske opkropje, wêr komt dat dochs wei? Om dat te efterheljen naam se in sprong yn de tiid. It ûndersyk beslacht benammen de perioade ein 19e, begjin 20ste iuw.
"Sa koe ik minsken ynterviewe dy't fan in generaasje letter binne. Sy hawwe de ferhalen fan doe noch binnen berik", seit de ynwenster fan Moddergat.

Klokje fan betoerpake

Hast eltsenien ken wol ien dy't te lijen hat fan mentale problemen, seit Anne-Goaitske. Foar it boek gie se ek op besite by har beppe. Dy fertelde oer Anne-Goaitske har oeroerpake.
"Dy hat himsels tekoart dien. It klokje dat er op dat momint by him hie, is it earste foarwerp dat je tsjinkomme op de tentoanstelling. Dat fertel ik ek oan de ynterviewden. Ik kin net fan harren ferwachtsje de swarte famyljesiden iepen te slaan, sûnder sels ferhalen te dielen."
Ast yn in lytse mienskip fertelst oer dyn mentale problemen, dan koe dat de famylje-eare oantaaste. Dat woest foarkomme en dus seist neat.
Anne-Goaitske Breteler
De skriuwster fertelt dat der op it Fryske plattelân generaasjes lang amper oer emoasjes praat waard.
"Ast yn in lytse mienskip fertelst oer dyn mentale problemen, dan koe dat de famylje-eare oantaaste. Dat woest foarkomme en dus seist neat. Boppedat wiest fan dyn berte ôf ûnderdiel fan dyn omjouwing. Dat kin feilich fiele, mar soarget ek foar ôfhinklikheid", seit se. "Want wat bart der as je je kwetsber opstelle?"
Dêr't doarpslju har meastentiids mear rjochtsje op it kollektyf, binne bewenners fan de stêd faak wat yndividualistysker. Net sa gek, tinkt se. "Dêr wurde je minder gau ôfrekkene op ôfwikend gedrach."

Swier yn 'e holle

Fierder wie de kennis fan geastlike sûnens eartiids tige beheind. Sa waarden minsken mei it downsyndroom 'simpel' neamd en ien dy't oan in depresje hie, wie gewoan 'swier yn 'e holle'.
Anne-Goaitske Breteler
Anne-Goaitske Breteler © Omrop Fryslân, René Koster
Der wurdt neffens Anne-Goaitske noch wolris tocht dat se yn Fryslân efterrûnen op it mêd fan psychiatryske soarch. Dat kloppet net, seit se. Eksemplarisch is de situaasje fan Frjentsjer yn 1851.
"Dêr kaam doe in kranksinnigengesicht. Oars as op in soad oare plakken waard de twangstoel amper brûkt. De direkteur pleite derfoar dat bewenners oan it wurk giene op it lân. In fertroude omjouwing wie neffens him fan grut belang."
Yn de twadde helte fan de 20ste iuw waarden der grutte stappen makke. Benammen yn de jierren 70, troch de opkomst fan de antypsychiatry. De titel 'De laatste dagen van de dorpsgek' hat hjir ek betrekking op.
"De saneamde doarpsgek kin no goede soarch krije. Hy wurdt mei in taksybuske nei in geskikt opfangplak brocht", fertelt se. Dêrneist slacht de titel op it ferswijen fan geastlike problemen. "Want net ien woe de doarpsgek wêze."
De laatste dagen van de dorpsgek
De laatste dagen van de dorpsgek © Anne-Goaitske Breteler
Dy groei fan kennis, en dêrmei it begryp, is oant de dei fan hjoed trochset. Dochs binne we der noch lang net, mient Anne-Goaitske. Hielendal op it Fryske plattelân. Se fynt dat we de ferskillen tusken minsken mear omearmje meie.

'Se kinne wil tinke...'

"Net om 'e nocht hearst hjir faak: se kinne wol tinke..." Gjin sûne gedachte, mient se. "Litte we just mear iepenstean foar de fariaasje. As dat op gruttere skaal bart, doarst sels ek makliker fan de noarm fuort te stappen. "
En dat jildt hielendal foar it bepraten fan dyn gefoelens, seit se. "Want je hoege dêr net perfoarst foar oan te klopjen by ynstânsjes. Freonen of je buorlju kinne hjir ek in rol yn spylje. En ik wit, it is diskutabel om te sizzen, mar yn it noarden lykje we dit minder maklik te dwaan as yn bygelyks it suden fan it lân."

Gefoelens 'ferwurkje'

Hielendal yn de agraryske húshâldingen. Se fertelt dat je dêr net in soad keukentafels fine dêr't se alle wiken harren gefoelens oan beprate.
Der is altyd wol wat te dwaan op it hiem of dêromhinne. "Gefoelens wurde letterlik 'ferwurke'. Mar meastentiids net yn de goede sin fan it wurd."
De ynterviews en it omsneupen yn argiven joech Anne-Goaitske ek ynsjoch op persoanlik mêd. Har heit, de sjonger en keunstner Gerrit Breteler, ferstoar ferline jier.
Ik hoopje dat we dat yn Fryslân hieltyd mear dwaan sille. Allinnich op dy wize kinne folgjende generaasjes dat oernimme.
Anne-Goaitske Breteler
"It wie bizar. Ik wie doe mei myn boek dwaande mei it haadstik oer froulju." Sy moasten by in stjergefal harren fertriet foar har hâlde. Oars drigen se foar hysterika fersliten te wurden. "It kaam doe ynienen hiel tichtby. Skriuwe oer eat dat ik sels fielde. Dat wie yngewikkeld."
Tagelyk joech it har hânfetten. "It waard my namstemear dúdlik datst utering jaan moatst oan dyn gefoelens. Ik hoopje dat we dat yn Fryslân hieltyd mear dwaan sille", seit Anne-Goaitske. "Allinnich op dy wize kinne folgjende generaasjes dat oernimme."