Buertkastkes populêr, mar se wurde ek wolris leechhelle: hjir kinst se fine

Itenskast yn Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg

In fergees pak fla op de hoeke fan de strjitte of in twaddehânsk spultsje by it buerthús. It kin hieltyd faker helle wurde troch de buertkasten dy't opdûke. Net altyd allinnich om minsken yn earmoed te helpen, mar ek om ôffal te ferminderjen.

Fardau Folkertsma is buertwurker Achtkarspelen by wolwêzensorganisaasje Kearn. De organisaasje seach ein ôfrûne jier en begjin dit jier it tal buertkastkes as poddestuollen út de grûn springen.

"It is ûntstien doe't in hiel soad minsken yn Nederlân dreger rûnkomme koenen, mei troch de hege ynflaasje", seit Folkertsma. "Tagelyk binne der ek minsken dy't wat oer ha en wat dwaan wolle, as se dat op it nijs hearre."

Yn kaart bringe

Dus besleat Kearn de kastkes yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel yn kaart te bringen. "Sa't minsken se witte te finen. Benammen yn it begjin as buertkasten opset wurde, fernimme de oprjochters dat it noch net altyd stoarm rint." It tal kasten yn de twa gemeenten binne de ôfrûne tiid aardich lyk bleaun en rinne dus goed, seit Folkertsma.

Dat fernimt ek Rowdy van Veen. Hy hâldt in lânlike kaart by fan buertkastkes en krijt alle wiken fiif oant tsien nije lokaasjes fan kasten troch.

Misse wy dyn buertkastje op de kaart? Jou it troch! Stjoer in mailtsje mei de namme en it adres fan dyn buertkastje nei yb@omropfryslan.nl.

De trúk om besikers te lûken is neffens Folkertsma Facebook. Dêr binne in hiel soad pagina's fan de kastkes te finen. "Sa joust der bekendheid oan. Minsken dy't wat nedich hawwe witte dy better te finen en faak dogge inisjatyfnimmers ek opropkes om guod dat wer oanfolle wurde kin", seit Folkertsma.

Krystpaketten

Guon kastkes wurde net allinnich oprjochte om minsken yn earmoed te helpen, mar ek om de weismytmaatskippij tsjin te gean. Sa wurdt der rûn de krysttiid in soad guod út krystpakketten dropt yn de kasten.

De fuortjoukast yn Hallum © Geeske Hoff

"As der bygelyks in soarte pasta yn sit dy't minsken net lekker fine, dan goaist it net fuort mar komt it yn de kastkes. Minsken mei minder te besteegjen kinne dan ek ris fan de wat spesjalere produkten genietsje."

Menstruaasjeprodukten

Guon minsken lizze der sels pakketsjes yn foar in folslein miel, sjocht Folkertsma. Dêrnjonken wurde der faak menstruaasjeprodukten yn de kastkes delset. "Dy binne fansels tige djoer foar minsken dy't net in soad jild hawwe."

Dêrom kinne kastjebesitters by it Armoedefonds ien kear yn de moanne pakketten bestelle. Dy leverje menstruaasjeprodukten oan skoallen, biblioteken, buerthuzen, mar ek oan buertkasten: saneamde 'menstruatieproducten uitgiftepunten' (MUP's).

De pakketten foar de kastkes binne wat lytser as de pakketten dy't bygelyks skoallen en biblioteken ûntfange. "Dat ligt aan hoe groot het aantal afnemers is", leit it fûns út.

Lytse doarpen

Benammen yn lytsere plakken dûke de kasten mei menstruaasjeprodukten op. Dat komt neffens it Armoedefonds om't yn de gruttere plakken faak wol voedselbanken, skoallen en biblioteken binne dêr't de produkten útdield wurde. "Maar in de kleinere dorpen zijn dat er minder."

As it donker is, is de drompel folle minder heech foar guon om der wat út te heljen. Der leit noch in enoarm taboe op earmoed.
Fardau Folkertsma, buertwurker Achtkarspelen

Wol besteane der yn stêden oerkoepeljende inisjativen, lykas yn Ljouwert, dêr't in tal buertkoelkasten steane.

De kasten lûke benammen minsken dy't tusken wâl en skip falle, seit it Armoedefonds. "We zien dat het aantal mensen in armoede stijgt, en er is een grote groep die niet in aanmerking komt voor de voedselbank. Voor die groep die ertussenin zit, zijn de buurtkastjes heel mooi."

Nachts op slot

It bart lykwols ek wolris dat kastkes leechhelle wurde, of dat der in soad guod yn ien kear úthelle wurdt. Lykas yn Bútenpost. Dêr hat de tsjerke besletten de kast nachts op slot te dwaan. Folkertsma sjocht dat de mieningen dêroer ferdield binne. "De ien fynt it hiel slim, de oar tinkt: miskien hawwe guon minsken it wol bot nedich."

© RTV NOF

As de kast jûns op it slot smiten wurdt, komme der neffens Folkertsma minder minsken. "As it donker is, is de drompel folle minder heech foar guon om der wat út te heljen. Der leit noch in enoarm taboe op earmoed."

Ek oer it plak fan sa'n kast is yn dat ramt diskusje. Midden yn in doarp op in drok plak kin foar guon ferfelend fiele om't sy harren besjoen fiele.