Alle Friezen oan it fierljeppen, skûtsjesilen of keatsen? Provinsje stekt miljoenen yn sporten
We moatte mear bewege, fynt Provinsje Fryslân. De kommende fjouwer jier wurde dêrom miljoenen útlutsen om Friezen oan it sporten te krijen.
Yn totaal wurdt hast 7,5 miljoen euro ynvestearre yn sport yn ús provinsje, yn it bysûnder yn de tradisjonele Fryske sporten as fierljeppen, skûtsjesilen, damjen en keatsen.
De provinsje wol in finansjele ympuls jaan om de sporten foar de takomst te behâlden. Dat falt te lêzen yn de beliedsbrief Sport, wêryn't de provinsje syn fyzje op sport taljochtet en de plannen presintearret.
Tagonkliker meitsje
De provinsje set yn op sporteveneminten en in soad sportprojekten en -organisaasjes krije subsydzje. Ien fan de organisaasjes dy't op 'e nij subsydzje krijt, is Sport Fryslân.
Dizze organisaasje set him yn om Friezen mear oan it sporten te krijen en it bewegen tagonkliker te meitsjen, troch bygelyks fit-testen mei alderein, sportlessen foar bern en oare sportive projekten.
"Ik tink dat we dêr mei dit programma in moaie stap yn sette kinne", seit Johan Spijksma, programmamanager by Sport Fryslân. "We kinne moai trochgean mei de wei dy't we ynset hawwe. It jout ús de romte om noch mear ympakt te meitsjen."
Net genoch beweging
Ungefear de helte fan de Nederlanders beweecht net genôch en dat is yn Fryslân net oars, seit Spijksma. "Ik hie hiel graach sizze wollen dat Fryslân in útsûndering wie, mar dat is net it gefal."
Neffens him leit de oplossing yn it oanbod tichteby de minsken bringe. "En ek te soargjen dat der foar elkenien yn Fryslân oanbod is. Oft je no jong of âld binne, finansjele drompels of in beheining hawwe."
Jong geleerd, is oud gedaan.
It is net de earste kear dat besocht wurdt om minsken oan it bewegen te krijen. Neffens deputearre Femke Wiersma moat der in lytse kultueromslach komme as it om sporten giet.
En wat har oanbelanget, begjint dy feroaring by de jongerein. Dêrom wurdt ekstra ynvestearre yn projekten as it kabouterkeatsen en skoalreedriden. "It begjint by de jongerein", seit Wiersma. "Jong geleerd, is oud gedaan."
As it oan Spijksma leit, sjocht Fryslân der op it mêd fan sport en sûnens oer fjouwer jier yn alle gefallen oars út. "As we dan de meast fitale regio fan it lân, miskien wol fan Europa binne, dan soe dat fantastysk wêze."