Famkesfuotbal moat stigma trochbrekke: "Ik wol by Barcelona fuotbalje"
It frouljusfuotbal hat noch te faak te lijen fan in imagoprobleem. De MeidenVoetbalAcademie wol it stigma trochbrekke en famkes in earlike kâns jaan yn de fuotbalwrâld.
"Ik fyn dat de kânsen foar jonkjes en famkes lyk wêze moatte", seit Jos Miedema, oprjochter fan de akademy, op it trainingsfjild fan ONT yn De Pein.
Miedema leit pionnen del om de training ta te rieden. "Famkes wurde no noch te fier eftersteld. Wy wolle se nei in heger nivo tille."
Jos Miedema wol frouljusfuotbal op de kaart sette
Op it trainingsfjild sammelje sa'n 30 famkes foar in training, ûnder wa Sarah Klein.
Se begjinne mei in warming-up en moatte dêrnei sammelje by de pionnen. De earste opdracht is it ynpassen fan de teamgenoaten.
Jonges skrikke
Njonken de training op de akademy spylje de famkes ek by harren eigen klups. Foar Sarah is dat SV Easterwâlde. Dêr fernimt sy dat der noch in imagoprobleem yn de sport sit.
As keeper krijt sy gauris in opmerking, om't sy in famke is. "Je wordt een beetje gek aangekeken als je met de jongens meedoet," seit Sarah.
"Dan denken ze; ooh een meisje op doel, dat hebben we wel. Maar als ik dan een paar reddingen heb dan nemen ze dat snel terug. Ze denken dan snel van: dat kan ze toch best wel goed. Dan schrikken ze wel."
Dat stigma wol Miedema fuorthelje. By de fuotbalakademy krije de froulju de tiid om har te ûntwikkeljen en in stap yn 'e rjochting fan it profesjonele fuotbal te setten.
Dêrfoar krije sy ek 'coaching' op oare flakken, lykas omgean mei eangst om te falen.
"Der rint in hiel soad talint rûn, mar wat ik spitich fyn is dat guon talintfolle famkes har net ûntwikkelje kinne", seit Miedema.
It hat mei omtinken en mei opleiding te krijen.
Feit bliuwt dat der yn it manljusfuotbal signifikant mear jild om giet. Neffens Miedema is dat in ferkearde tinkwize.
"Ik fyn dat je dat folslein omdraaie moatte. It hat mear mei omtinken en mei oplieding te krijen."
"Dat jild komt fansels wol"
"Je moatte it nivo no al omheech helje en dan wurdt de sport ek oantrekliker. Dat je dan in soarte fan miny-bolwurkje opbouwe kinne, dan komt dat jild fansels wol en dêrnei begjint it wol te rinnen."
Neffens Miedema leit de kaai ek by it meidraaie litten fan famkes by jonges- en manljusalvetallen.
"De echte talinten hearre eins by de jonges te fuotbaljen. De KNVB set dêr ek op yn, want dêr leare de famkes it measte fan. Sy kinne har dan echt ûntwikkelje. Dat bart no noch te min."
It wurdt by de famkes wol tagonkliker om stappen te setten.
Miedema hâldt efkes op fan praten en rint nei de goal dêr't keeperstrainer Maura Drijfhout in pear famkes útlis jout. Sy is dwaande mei in oefening om de keepers de ballen út de krusing helje te litten.
Doarren iepenje
Drijfhout is in jier lid fan de akademy en fernimt dat der troch de trainingen mear doarren iepenje. "It wurdt by de famkes wol tagonkliker om stappen te setten."
Sa gie earder in spylster nei Twente en der wurdt in gearwurking opset mei SC Cambuur.
"Mar de kânsen binne noch wol wat minder as by de manlju. Dochs sjoch ik wol dat it de lêste jierren feroaret. Der moatte noch wol stappen set wurde en dêr is de akademy in goede help by."
Drijfhout dreamt dan ek fan in karriêre yn it bûtenlân.
"Ik soe sels graach by Barcelona fuotbalje wolle en keepster fan de Leeuwinnen (it Nederlânsk alvetal foar froulju, red.) wurde. Dus ik bin bliid mei de akademy. Lit dy takomst mar komme."