Hearrenfean as talintefabryk: dit binne de toppers fan de takomst

Vivianne Miedema, Shanice van de Sanden, Sherida Spitse, Lieke Martens en Kerstin Casparij: samar wat nammen dy't yn it pompeblêdeshirt spile ha en no by de top fan Europa fuotbalje. Dat is ek it doel fan Hearrenfean: in opliedingsklup wêze foar jong talint.
De frouljustak fan sportklup Hearrenfean sjocht himsels as talintefabryk foar de top fan it Nederlânske frouljusfuotbal. De folgjende talinten klopje alwer oan de doar.
"Een aantal daarvan gaat Oranje halen", seit Hans Schrijver. Hy begjint oan syn twadde seizoen as coach by de Feanfroulju en is ûnder de yndruk fan al it talint by de klup.
De nije Fryske fuotbaltalinten steane alwer te springen by sc Hearrenfean
Schrijver: "Ik ga geen namen noemen, maar ik ben ervan overtuigd dat een aantal van deze meiden Oranje kunnen gaan halen. Topclubs trekken aan onze meiden, maar sommigen kiezen ervoor om nog te blijven."
Ik ben er enorm trots op dat Nina Nijstad nu bij PSV speelt.
Dochs rekket Hearrenfean ek alle seizoenen guon talinten kwyt. In pear jier lyn bygelyks Fenna Kalma en yn de simmer fan 2021 noch Tiny Hoekstra. Dat is dit jier net oars. "Zo ben ik er enorm trots op dat Nina Nijstad nu bij PSV speelt en bij de Leeuwinnen van Jong Oranje."

It betsjut ek dat Hearrenfean alle kearen wer nij talint fine en opliede moat. "We hebben een erg jong team", seit Schrijver. "Twee derde daarvan komt uit Noord-Nederland. Onze topscorer (Janneke Ennema, red.) komt bijvoorbeeld uit Stiens."
Mooglik is sy de folgjende dy't in stap makket. "We zijn echt een opleidingsteam en we willen de meiden helpen om een stap te maken naar een grotere club. En dan is het aan ons om met onze scouting weer nieuwe talenten te halen die we gaan ontwikkelen. Dat is onze rol."
Lyanne Iedema
In oar jong talint is de 16-jierrige Lyanne Iedema fan Eanjum. Se spilet as linksbûten en moat it fan har gong en dribbeljen ha.

Iedema komt yn har leeftiidskategory al út op it heechste nivo, sa spile se al jeugdynterlannen foar Nederlân ûnder de 16 jier. Se stiet no sels op de reservelist fan Oranje ûnder de 19.
Better as ferline jier
Sa krekt foar de start fan de kompetysje sjocht Iedema mei fertrouwen foarút. "It ferskil mei Ajax en FC Twente is wol grut, mar as wy hurd wurkje, dan moatte we dit seizoen yn de top-6 einigje kinne. Dat is heger as ferline jier, mar dat moat ek."
Sûnt dit seizoen meitsje de fuotbalfroulju folslein diel út fan de betellefuotbalorganisaasje sc Hearrenfean. Yn de jierren hjirfoar foelen se ûnder in stifting, dy't laat waard troch frijwilligers.
Jacco Koops (jierren suksesfol coach by it silen) en Foppe de Haan binne oansteld as technysk adviseurs en hawwe holpen om de frouljustak ûnder te bringen by de klup.
"Ik kom uit de olympische sport en daar maken we geen enkel verschil tussen man en vrouw", seit Koops. "Het was ons een doorn in het oog dat in het voetbal de verschillen zo groot zijn. Dat kan gewoon niet."
Ek oanfierder Merel Bormans hat hege ferwachtings fan it nije seizoen. Se is mei har 24 jier ien fan de âldere spilers. "We hebben een goed uitgebalanceerd elftal, met een mooie mix van jong en oud. Bovendien weten we goed wat we wel en wat we niet kunnen."

Bormans tinkt dat it team der sterker op wurden is. "Zeker in de breedte. Onze doelstelling is om in het linkerrijtje te eindigen."
Dat betsjut by de earste seis, want sûnt dit jier sitte der tolve klups yn de earedivyzje foar froulju. Nijkommer is FC Utrecht.
Yn ferliking mei ferline seizoen, doe't Hearrenfean as achtste einige, is de gearstalling fan de ploech bot feroare. Yn totaal hawwe njoggen spilers de klup ferlitten, wêrfan't Nina Nijstad (PSV) en Naomi Buikema (PEC Zwolle) de wichtichsten binne. Dêr binne sân nije spilers foar yn it plak kaam.
"Met Nina en Naomi zijn er twee basisspelers vertrokken, maar we hebben goede vervangers gehaald", seit Schrijver. "Vervangers met eredivisie-ervaring. We hebben hard getraind en ook veel oefenwedstrijden gespeeld. Ik denk echt dat we er goed voor staan, maar dat gaan we zien tegen AZ."
De froulju fan sc Hearrenfean spylje freedtejûn har earste kompetysjewedstriid fan it seizoen. Tsjinstanner op sportpark Skoatterwâld is AZ. De wedstriid begjint om 19.30 oere.