Sherida Spitse oer de WK-kânsen: "Ik denk dat we van iedereen kunnen winnen"

Sherida Spitse foar de lêste oefenwedstriid foar it WK tsjin België © Orange Pictures
Sherida Spitse en Kerstin Casparij binne de twa Friezen dy't oerbleaun binne yn de seleksje foar it WK fuotbal. Dat toernoai begjint foar Nederlân snein. Spitse tinkt dat Nederlân fan elts lân winne kin. "Ik denk echt dat dat kan."
Leafst fiif Fryske spylsters sieten yn de tritich froulju tellende foarseleksje wêrmei't bûnscoach Andries Jonker begjin dit jier oan de tarieding op it WK begûn.
Neist Spitse en Casparij mochten ek Fenna Kalma fan Haskerhoarne, Tiny Hoekstra fan Rinsumageast en Sisca Folkertsma fan Sleat dreame fan in optreden yn Australië en Nij-Seelân.
Wrâldfuotbalbûn FIFA hat lykwols bepaald dat de seleksje fan de dielnimmende teams út maksimaal 26 spilers bestean mei. Dêrom moasten út de foarseleksje fan Oranje noch fjouwer froulju ôffalle.
Nei ûnder oare twa oefenynterlâns yn maart en in swier trainingskamp yn juny yn Zeist, besleat Jonker om Kalma, Hoekstra en Folkertsma thús te litten.
"Dat zijn geen makkelijke keuzes", sei de bûnscoach dêroer. "Ik begrijp de teleurstelling van die meiden, maar ik heb geprobeerd een zo evenwichtig mogelijke selectie samen te stellen."

Fenna Kalma net by de seleksje

It ôffallen fan Fenna Kalma bliuwt opfallend. De spits fan FC Twente, dy't folgjend seizoen by topklup VfL Wolfsburg spilet, wie it ôfrûne seizoen topskoarder fan de earedivyzje (33 goals). Jonker jout lykwols de foarkar oan oanfallers mei mear ûnderfining, bygelyks Lineth Beerensteyn, dy't yn it ferline foar Bayern München spile en no foar Juventus útkomt.
Mei twa Friezinnen, Sherida Spitse fan Snits en Kerstin Casparij fan It Hearrenfean, giet Oranje dus op jacht nei goud.
Je kunt je aan de hele wereld laten zien.
Sherida Spitse oer it spyljen foar Oranje
Spitse spilet al sûnt 2006 foar it Nederlânsk alvetal. Doe foel se yn in WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Ingelân (4-0 nederlaach) yn foar Anouk Hoogendijk. No is se 216 ynterlâns en 44 goals fierder. De rekôr-ynternasjonal giet no, de Olympyske Spelen mei rekkene, har achtste eintoernoai yn.
"Het is altijd weer bijzonder om voor je land uit te komen. Daar ben je wel trots op. Je kunt je aan de hele wereld laten zien. En het gaat echt ergens om."
Op har 16e makke Spitse al har debút. No is se krekt 33 jier wurden. Dat betsjut dat se mear as de helte fan har libben yn Oranje fuotballet. "Dat is niet normaal, hè. Daar denk ik zelf ook wel eens over na. Meer dan de helft gewoon. Dat maakt je wel trots."
Casparij spile fiif jier lyn noch foar sc Hearrenfean. Fia FC Twente hat se yntusken in dreamtransfer makke nei Manchester City en giet se nei it WK. "Het gaat allemaal erg snel", seit de 22-jierrige Feanster.

Suksesfol seizoen foar Spitse en Casparij

Mei Manchester City einige se it ôfrûne seizoen as fjirde yn de kompetysje. Foar de klup miskien net in goed resultaat, mar foar Casparij wie it in goed seizoen.
"Doordat ik nu in een hogere competitie voetbal, heb ik mezelf wel verbeterd. De Engelse competitie staat toch bekend als een fysieke competitie. Je moet veel lopen en fysieke arbeid leveren, maar bij City staat de bal altijd bovenaan. Dus technisch ben ik ook beter geworden."
Spitse waard dit seizoen kampioen mei Ajax. In priis dy't se hiel graach pakke woe mei de klup dêr't se eartiids supporter fan wie. "Daarvoor ben ik naar Ajax gekomen."
Nei it heljen fan it kampioenskip wie Spitse frijwat emosjoneel. "Die emoties heb ik wel vaker. Je leeft dan een heel seizoen naar zo'n doel toe. Je moet er veel voor doen en laten. Dan komt het bij mij wel even naar boven."
Bûnscoach Andries Jonker oer Sherida Spitse en Kerstin Casparij
Yn de lêste wedstriid foardat Nederlân nei it WK ta gie, wûn Nederlân mei 5-0 fan België. Spitse spile doe as ien fan de trije sintrale ferdigeners efteryn. Jonker kiest foar in 1-3-5-2-opstelling.

Spitse as ferdigener

Jonker sjocht yn Spitse benammen in sintrale ferdigener. "Ik denk dat ze een pass over afstand in de buitencategorie heeft. Op het middenveld krijg je daar bijna de ruimte niet voor, omdat de druk van de tegenstander daar vaak groot is."
"Achterin heb je meer mogelijkheden om die pass te kunnen geven", seit er. "Als je haar kwaliteiten optimaal wil benutten, is dit volgens mij de beste optie. Sherida is in mijn ogen een zekerheidje, ze is zeer betrouwbaar en een goede soldaat."
Spitse is tefreden mei hoe't har tarieding ferrint. Se is fit. "Ik vind dat ik er goed op sta. De keuze is aan de bondscoach. Maar ik kan spelen. Ik ben nooit een speler die zegt: ik móét spelen. Daar moet je eerst keihard voor werken en jezelf laten zien."
© Orange Pictures
Casparij sil har benammen rjochtsje op in posysje as fleugelferdigener. Yn dyselde lêste oefenwedstriid tsjin België wie der foar har gjin basisplak. Op dy posysje spile tsjin België Victoria Pelova.
Jonker: "Ze moet op dit moment strijd leveren met Pelova. Lynn Wilms zou die strijd ook met haar kunnen leveren. Eentje van Arsenal, eentje van Wolfsburg en eentje van Manchester City. Dat zegt wel iets over de luxepositie waarin ik verkeer op die positie."
Jonker is entûsjast oer Casparij: "Die is uit het goede hout gesneden. Vechtjas, doet haar uiterste best. Een getalenteerd lijf, een getalenteerde speelster. Heeft de zaken goed op een rijtje. Nuchter. Weet waar ze staat en het gaat goed met haar. Een speelster waar we veel plezier aan kunnen beleven."
Sherida Spitse: “Het is niet zo dat ik meer dan 200 interlands heb gespeeld en dan straks in de basis begin”
Nederlân helle fjouwer jier lyn yn Frankryk de finale fan it WK. Twa jier dêrfoar waarden se Europeesk kampioen. Mar de status fan ien fan de grutte favoriten binne se de ôfrûne jierren wol kwytrekke.
Op it lêste EK, twa jier lyn yn Ingelân, waarden se yn de kwartfinale útskeakele troch Frankryk. En op de FIFA-ranking binne se yntusken ôfsakke nei it njoggende plak.

Fan elts lân winne

Spitse en Casparij binne lykwols fan miening dat se fan elts lân winne kinne. Casparij: "Amerika is als regerend kampioen de grote favoriet, maar er zijn veel meer landen die kans maken. Engeland, Duitsland, Spanje, maar ik schaar ons daar ook tussen. Het kon wel eens een mooie zomer worden", laket se.
Spitse: "We hebben een heel goed team met elkaar. Ik denk dat wij van iedereen kunnen winnen. Ik denk ook echt dat dat kan."
It WK fuotbal hat plak yn Australië en Nij-Seelân. Nederlân spilet al syn pûlwedstriden yn Nij-Seelân:
  • 23 july, 09.30 oere: Nederlân-Portugal (Auckland)
  • 27 july, 03.00 oere: Nederlân-Amearika (Wellington)
  • 1 augustus, 09.00 oere: Nederlân-Fjetnam (Auckland)