Omrop Fryslân

Famkes meie no ek dreame fan fuotbaljen yn Cambuurstadion: klup wol frouljusteam

In famkesteam fan Cambuur yn 2009 mei yn it midden hjoeddeiske Ajax-spylster Tiny Hoekstra
© Dijks Media
Fuotbalje yn it Cambuurstadion wurdt in realistyske famkesdream. SC Cambuur begjint foar de twadde kear yn de kluphistoarje mei frouljusfuotbal.
Fan takom seizoen ôf begjinne de Ljouwerters mei in team foar famkes ûnder 17 jier. Op termyn moat dat liede ta in earste alvetal. "Dat is zeker ons streven", seit algemien direkteur Ard de Graaf. Cambuur wurket foar it famkesteam gear mei Meiden Voetbal Academie Nederland (MVAN).

Net it einstasjon

"Anno 2024 hoort vrouwenvoetbal een plek te hebben binnen een BVO en we willen dit graag stap voor stap uitbouwen met de kennis en expertise van MVAN als partner", seit De Graaf.
"Dat heeft ook alles te maken met de transitie naar het nieuwe stadion, waar op dit moment logischerwijs veel aandacht naartoe gaat. Dit is daarom een goed begin, maar zeker niet het eindstation."
Cambuur-direkteur Ard de Graaf en Jos Miedema, Hoofd van de Meiden Voetbal Academie Nederland
© Cambuur Media
Jos Miedema, it haad fan de fuotbalskoalle foar famkes, is grutsk op de gearwurking mei Cambuur. "Het voelt erg goed dat wij van SC Cambuur het vertrouwen krijgen om de vrouwenvoetbal-tak van de club vorm te mogen geven", seit Miedema.
Yn it earste desennium fan dizze iuw hie Cambuur ûnder algemien direkteur Alex Pama ek al in ôfdieling foar famkes. Dat projekt stoar úteinlik in stille dea. In earste alvetal foar Cambuurfroulju kaam der noait.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.