Toni Jonker giet fanút de Wielenpôlle nei it earste fan Cambuur: "Normaal sta ik op de tribune"

Toni Jonker, SC Cambuur
Op 11-jierrige leeftiid spile Toni Jonker al by Cambuur © Dijks Fotografie/Omrop Fryslân
Fuotbalje foar de klup dêr't je as lyts jonkje al op de tribune sieten: it is wierheid wurden foar Toni Jonker. De 18-jierrige Ljouwerter makke ferline wike syn kompetysjedebút foar SC Cambuur.
"Ik ben Toni, achttien jaar oud en kom uit de Wielenpôlle", yntrodusearret Jonker himsels. It mei dúdlik wêze dat we hjir mei in rasechte Ljouwerter te krijen hawwe. Want folkser as de wyk Wielenpôlle fynst se yn Ljouwert net.
Mear as de helte fan syn noch jonge libben stapt Jonker al om by de klup yn it giel en blau. "Ik kom al zo'n tien jaar bij Cambuur. Met familie en vrienden ging ik naar de wedstrijden. Ik zat altijd op de noord- en zuidtribune. En nu zijn we hier", laket er. "Cambuur is mijn club."

Debutearje mei giel

Tsjin Jong AZ krijt Jonker hast in healoere as ynfaller. Cambuur stiet dan al mei 2-0 efter en dêr wit de jongeling gjin feroaring yn te bringen. Wol jout er syn fisitekaartsje ôf mei it pakken fan in giele kaart. "Dat moest ook wel even, haha. Dat hoort er soms ook bij."
Toni Jonker begûn al op de fuotbalskoalle en is no spiler fan it earste fan Cambuur
Jonker omskriuwt himsels as in linkersintrale ferdigener, dy't goed oan de bal is en ek sterk is yn de duels. "Dat is een beetje mijn stijl."
It wie in spesjaal momint ferline wike yn Wijdewormer, doe't de Ljouwerter by trainer Henk de Jong roppen waard om yn te fallen. "Echt heel mooi. Je werkt er hard naartoe. Ik begon op de voetbalschool. Het is heel mooi dat ik vanuit daar nu hier ben. Nu hoop ik op meer minuten."

"Spesjale jonge"

Henk de Jong liet Toni Jonker ôfrûne wike debutearje. De Cambuurtrainer sjocht wol wat fan himsels werom yn de jonge Ljouwerter. "Hy komt út in folksbuert. Dat fyn ik moai. Ik kom sels út de Leeuwerikstrjitte, dat is itselde mar dan yn Drachten. Gewoane minsken, dêr hâld ik fan."
Gewoan bûten it fjild, mar op de gersmatte tinkt De Jong oars oer Jonker. "It is wol in spesjale jonge. Ik fyn dat er hiel folwoeksen eaget. Hy kin goed fuotbalje en ferdigenje, mar hy moat noch in protte stappen sette. Hy pakt fluch dingen op. Ik hâld fan ditsoarte jongens."
It debút fan Jonker is de minsken yn de wyk net ûntgien. "Daar ben ik opgegroeid en woon ik al mijn hele leven. Sommige mensen zijn wel trots op mij."
Toni Jonker, SC Cambuur
Toni Jonker is no al populêr by de fans © Dijks Fotografie
No is it wachtsjen noch op it momint dat Jonker yn it Cambuur Stadion yn aksje komt. Hy foel al twa kear yn by it earste: yn de bekerwedstriid yn en tsjin Dordrecht en ferline wike yn Wijdewormer.
Sneon tsjin Telstar soe de linkspoat ek syn earste minuten yn syn thússtêd meitsje kinne. Hy sit op de bank, mar trochdat Cambuur no mei fiif ferdigeners spilet, is de kâns grutter dat er ynfalle mei.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Telstar begjint sneon om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 19.45 oere. It ferslach fanút it Cambuur Stadion komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.