Stean spilers en fans fan Cambuur yn in bouput as yn augustus de bal begjint te rôljen?

It nije Cambuurstadion yn oanbou 1
It nije Cambuurstadion yn oanbou © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Krije Cambuursupporters aanst harren patat út in snackwein bûten it stadion? Is de bierpomp wol oansletten? En moatte spilers har miskien omklaaie yn tydlike klaaikeamers bûten it stadion? It binne allegear opsjes dy't Cambuur mooglik tapasse moat wannear't it yn augustus spylje wol yn it nije stadion.
Mei de liening fan 6 miljoen euro fan de gemeente hat Cambuur de finansiering foar de ôfbou fan it nije Cambuurstadion folslein rûn. It ideale senario foar de klup is fansels om it nije seizoen te iepenjen yn it eigen stadion. De earste spylronde hat plak fan 9 oant en mei 11 augustus. Dat jildt foar likegoed de eare- as de earste divyzje.

'Noch in jier nedich'

Dat is al oer fiif moanne. It is ûnmooglik dat it stadion dan folslein klear is, seit direkteur Joan Veenstra fan boubedriuw Van Wijnen.
Yn goed oardel minút: dit is wat der noch gebeure moat om it Cambuurstadion ôf te meitsjen
Dat betsjut net dat Cambuur noch in jier wachtsje moat. Want yn in stadion binne guon saken essinsjeel om te fuotbaljen, bygelyks it fjild of ljochtmêsten, wylst oare saken lykas in restaurant of in skyboks net perfoarst nedich binne yn augustus.
"De fokus leit de kommende tiid op wat nedich is foar it fuotbal. Dat kin in stik rapper", seit Veenstra dêroer. "En dan moat de klup mar sjen oft dat genôch is."
Cambuur makke tiisdei bekend dat ûndernimmer Pieter Kooi, dy't foar 1 miljoen de nammerjochten fan it stadion kocht hat, nochris 4 miljoen euro lient oan de klup. Hy wol dat bedrach binnen 25 jier werombetelle krije, en freget de earste pear jier allinnich rinte oan de klup.
De liening fan 4 miljoen fan Kooi is ûnderdiel fan it bedrach fan 7,75 miljoen euro dat Cambuur sels op it kleed bringe moast foar de ôfbou fan it stadion.
Om überhaupt te fuotbaljen yn it nije stadion, moat Cambuur in lisinsje krije fan it fuotbalbûn KNVB. Dy hat dêrfoar in rjochtline ôfpraat. Dat wol sizze, in dokumint wêryn't stiet wat der minimaal oanwêzich wêze moat yn in fuotbalstadion.
Cambuurstadion yn oanbou
Cambuurstadion yn oanbou © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
It giet dan bygelyks om stuoltsjes, in fjild, ljochtmêsten en in lûdsynstallaasje. Dat sil allegear wol gjin probleem opsmite.
En oars wurdt der yn needgefallen de earste wiken spile mei wat needfoarsjennings, tink oan tydlike klaaikeamers bygelyks, dêr't de lokale helden út Oss, Maastricht of Dordrecht har omklaaie kinne, seit Cambuurdirekteur Ard de Graaf.

Feilichheid

Der kin eins mar ien ding yn it paad stean. Ien fan de wichtichste betingsten foar in lisinsje is nammentlik de Veiligheidsverklaring, besteande út diel A en diel B. Dy ferklearring moat ûndertekene wurde troch de klup en troch de boargemaster.

Firda

Dat de bou fan de skoalle ûnder de súdtribune op skema leit, is goed nijs foar Cambuur. Dêr komt nammentlik ek in fideoromte yn dy't sawol de skoalle as Cambuur brûke kin yn it kader fan de feilichheid. Dizze kommandoromte is ek ferplicht.
Boppedat seit de KNVB dat 'het stadion van een licentiehouder moet zijn voorzien van voorzieningen voor mindervalide toeschouwers'. Ek dy binne al yn it skoallegedeelte oanwêzich. Besikers mei in beheining sille by wedstriden dan ek gebrûk meitsje fan de haadyngong fan Firda.
By diel A kin tocht wurde oan saken as brânfeiligens, ynfrastruktuer en bygelyks in feilichheidsplan. Under diel B falt de ynfrastrukturele feilichheid, dy fan it gebou sels dus.

Brânfeiligens

Dat lêste moat foar in nij gebou gjin probleem wêze, en dus leit de fokus op diel A. "Je hebt het over wedstrijden waar 15.000 mensen naartoe kunnen. Dan moet veiligheid altijd het uitgangspunt zijn", seit Ard de Graaf dêroer.
It nije stadion fan Cambuur yn oanbou
It nije stadion fan Cambuur yn oanbou © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
"Je moet dan bijvoorbeeld denken aan installaties voor ontruiming of bijvoorbeeld brandmelding. Zelfs als dat allemaal niet helemaal klaar is, zijn er misschien nog wel alternatieven te bedenken. We moeten gewoon alles onderzoeken want het heeft grote voorkeur om het nieuwe seizoen in dat nieuwe stadion te starten."

Brânwacht op it terrein?

Moat dan bygelyks tocht wurde oan de fysike oanwêzichheid fan de brânwacht by wedstriden? "Dat zijn de dingen waar je aan kan denken. We moeten kijken wat we voor augustus af kunnen krijgen en wat niet. En voor de dingen die we niet afkrijgen, moeten we bedenken hoe we die anders kunnen oplossen."
Cambuurdirekteur Ard de Graaf: "De veiligheid staat voorop"
Under supporters gie de lêste wiken de suggestje rûn om de earste fiif wedstriden fan it nije seizoen út te spyljen. "Dat kan niet volgens de reglementen van de KNVB. Maar je kan wel bijvoorbeeld uit beginnen, dan thuis spelen en dan weer twee keer uit."
"Op die manier kun je met wat passen en meten het eerste interlandweekend halen met slechts één thuiswedstrijd."