Cambuur krijt ein dizze wike dúdlikheid yn saak-Lambooij

Lars Lambooij mei syn advokaat yn de sittingsseal yn Zeist
Lars Lambooij mei syn advokaat yn de sittingsseal yn Zeist © Omrop Fryslân, Arjen de Boer
SC Cambuur wit ein dizze wike oft Lars Lambooij de nije technysk manager wurdt. De beëage nije man, spande in arbitraazjesaak oan tsjin syn hjoeddeiske klup RKC Waalwijk om in oergong te forsearjen. In útspraak folget tongersdei of freed.
Cambuur is al langer ynteressearre yn Lambooij en de leafde komt fan beide kanten. Allinnich RKC Waalwijk, de wurkjouwer fan Lambooij, wegeret mei te wurkjen. Lambooij is haad scouting yn Waalwijk en syn kontrakt rint noch twa seizoenen troch.

Jildkwestje

Uiteinlik is it skeel benammen in jildkwestje. Lambooij fertsjinnet as haadscout fan RKC 3.500 euro bruto yn de moanne. Neffens syn advokaat De Vries is dat net in earedivyzjeweardich salaris.
Lars Lambooij is in 35-jierrige Noard-Brabanner en is de lêste fjouwer jier wurksum as haadscout by RKC Waalwijk. Dy funksje hie hy earder by Go Ahead Eagles. Syn kontrakt by RKC rint noch twa jier troch. Yn it ferline spile Lambooij yn it betelle fuotbal by Veendam en Go Ahead Eagles.
By Cambuur soe Lambooij "aanmerkelijk meer" fertsjinje kinne. De Ljouwerter klup hat RKC 50.000 euro bean om Lambooij oer te nimmen, mar de klup út Waalwijk freget 250.000 euro.
Neffens advokaat De Vries is it in riedsel wêrom't RKC net meiwurket. "Lambooij is altijd eerlijk geweest over de interesse. Hij had het al in januari kenbaar gemaakt." Foar Lambooij soe de oerstap nei Cambuur in "financiële en sportieve verbetering" wêze.

"Afspraak is afspraak"

Ut namme fan RKC seit advokaat De Weger dat Lambooij op 1 july 2023 in kontrakt tekene hat dat oant 30 juny 2026 trochrint. It gie om in kontrakt sûnder opsistermyn. Neffens De Weger is it dan ek in kwestje fan 'ôfspraak is ôfspraak'.
"Lambooij heeft een contractuele verbinding bij RKC, en hij heeft hier een mooie toekomst. Als hoofd scouting ben je de levensader van de club, die kan niet zomaar de deur uitlopen."
Fan posysjeferbettering tusken haad scouting by RKC en technysk manager by Cambuur, is neffens De Weger gjin sprake. "Bij Cambuur mag hij ook niet zelfstandig beslissingen nemen."
Fiif moannen lyn hat Etiënne Reijnen syn funksje as technysk direkteur dellein. Hy gie nei Feyenoord om dêr assistint te wurden fan Arne Slot. Sûnt dy tiid is Cambuur op syk nei in opfolger.
Lambooij hat in fergelykber profyl as Reijnen: jong, ambisjeus en bekwaam yn de digitale wrâld. Cambuur is op syk nei in technysk manager dy't goed is mei fideo, data en dat kombineare kin mei scouting.
Beide partijen hawwe yn in skorsing besocht by elkoar te kommen, mar dat is net slagge. Kamp Lambooij bliuwt derby: technysk manager by Cambuur soe in flinke stap foarút wêze. RKC stelt lykwols dat Lambooij him yn Waalwijk ek ûntwikkelje kin.
De arbitraazjekommisje sil no neitinke oer in útspraak. Dy wurdt tongersdei of freed ferwachte.