Loes Geurts ferruilet keeperswanten nei tweintich jier foar boartersguod: "Wil meer thuis zijn"
De kâns is grut dat Loes Geurts sneon oan har lêste seizoen as fuotbalster begjint. De kombinaasje mei it gesinslibben makket topsport dreech foar de 38-jierrige keepster.
Geurts is ien fan de grutste fuotbalsters dy't Fryslân oait hân hat; se spile 125 ynterlannen foar it Nederlânsk alvetal. Dêrmei stiet se njoggende op de list fan spylsters mei de measte ynterlannen foar Oranje.
Dêrneist hat har klupkarriêre har yn lannen as Amearika, Frankryk en Sweden brocht. Mar oan dy karriêre komt nei alle gedachten in ein. "Ik denk eerlijk gezegd dat dit mijn laatste seizoen is", seit Geurts oan de foarjûn fan in nij seizoen mei har Sweedske klup BK Häcken.
De kompetysjes yn Skandinavië binne wat oars yndield as by ús. Om't de winters dêr faak écht wintersk binne, rinne de fuotbalkompetysjes dêr fan april oant en mei novimber.
Al jierren wennet Geurts mei har Spaanske freon yn it suden fan Sweden, flak by Göteborg. Dêr is se twadde keeper by BK Häcken. Dat is in ynternasjonale topklup; twa wiken lyn waard Häcken útskeakele troch Paris Saint-Germain yn de kwartfinale fan de Champions League.
Dêr't fuotbaljen de ôfrûne jierren op ien stie foar Geurts, waard dat oardel jier lyn oars. Doe waard se foar it earst mem fan dochterke Alba.
"Drie maanden na de geboorte stond ik weer op het veld en na acht maanden heb ik mijn eerste wedstrijd weer gespeeld", fertelt de Hichtumse.
Stadichoan groeit Geurts wer ta nei de foarm dy't se foar de berte fan Alba hie. Tagelyk hat se no wol mear oan de holle. "Het is soms een puzzel om oppas te regelen als ik een verre uitwedstrijd heb en mijn vriend niet thuis is."
Ik vind het wel lastig dat ik haar moet missen als we een aantal dagen weg zijn met voetbal.
De partner fan Geurts is piloat en om dy reden ek geregeld fuort. Dêrom nimt se Alba ek wolris mei nei har training. "Dat is niet ideaal, maar dat moet je ervoor over hebben. Ik vind het wel lastig dat ik haar moet missen als we een aantal dagen weg zijn met voetbal."
Dat barde in pear wiken lyn mei de peaskedagen bygelyks. "Toen waren we allebei niet thuis. Dat soort dagen wil ik gewoon niet meer missen in de toekomst."
Dat is de reden dat Geurts der nei dit seizoen nei alle gedachten mei ophâldt. Hielendal wis derfan is se lykwols noch net. "Ik heb wel vaker gedacht dat het mijn laatste seizoen zou zijn, dus ik durf het niet met honderd procent zekerheid te zeggen."
"Wie weet, dat er toch nog een jaartje achteraan komt als ik helemaal fit ben en alles goed gaat. Maar ik wil ook gewoon graag meer thuis zijn voor mijn gezin."
In hiel soad wedstriden sil Geurts net mear keepe, want se is by Häcken twadde keepster efter Jennifer Falk fan it Sweedske nasjonale team.
"Ergens wil je wedstrijden spelen natuurlijk. Aan de andere kant ben ik realistisch. Ik ben 38 jaar en er heel lang uit geweest, dus ik heb weinig wedstrijdritme en Jennifer is de eerste keepster van Zweden", seit Geurts. "Dus het wordt wel erg lastig om eerste keeper te worden."
Genietsje
Dochs is it net sa dat Geurts der mei de pet nei smyt op trainingen om't se wiksel is. "Dat is oké in deze fase van mijn carrière. Ik ben blij en dankbaar dat ik nog kan voetballen na al mijn hersenschuddingen en het krijgen van een kind. Ik geniet van elke dag op het veld staan."
Kommend seizoen hopet de Friezinne wat goed te meitsjen yn de Sweedske Damallsvenskan. Foarich jier waard Häcken twadde efter Hammarby. It ferskil? Ien doelpunt.
"Ik denk dat we elkaar elk weekend eraan herinneren om doelpunten te maken, zodat we geen kansen laten liggen. Het was vorig seizoen wel erg zuur, maar inmiddels zijn we er wel overheen", wit Geurts. "Komend seizoen is de doelstelling duidelijk: kampioen worden."
Revâns
Sportive revâns op Hammarby is der yn alle gefallen al: Häcken wûn yn de heale finale fan de beker fan dy klup, wêrtroch't it op 1 maaie de bekerfinale spylje mei.
En dus hopet Geurts dat se de kommende moannen op in moaie wize ôfskie nimme kin fan har fuotbalkarriêre. Dy duorret yn alle gefallen oant en mei novimber en miskien noch langer, as Häcken fierder komt yn de Champions League.