Boalserter Peter Houwer moediget al 15 jier de fuotbalfroulju oan, ek no yn Nij-Seelân

© Eigen foto
Sa'n 15 jier folget Peter Houwer de Nederlânske fuotbalfroulju al. No sit er yn Nij-Seelân, naam 5 wike fakânsje op en moat 15.000 euro dellizze foar de ûnderfining. Mar dat is it allegear wurdich, fynt er.
"It wie juster fantastysk", begjint Houwer. Tegearre mei in meute oranjefans rûn er in oranjemars fan it sintrum fan Dunedin nei it stadion. "Der binne mear Nederlânske fans dan dat ik tocht hie. Dat ferwûndere my eins wol in bytsje."
It is net Houwer syn earste grutte toernoai. Hy hat se sûnt 2008 allegear by del west. Utsein de Olympyske Spelen yn Tokio, dêr mocht gjin publyk hinne. Syn fassinaasje begûn ticht by hûs. "Loes Geurts spile by ús klup yn Boalsert by RES. Doe't ik sels stoppe wie tocht ik, lit ik ris by in wedstriid fan Loes sjen."

Sfear

By dy wedstriid yn Volendam tsjin Spanje pleatste it alvetal har foar it EK fan 2009. "Ik fûn it sa moai, dat ik lyk boekt haw nei Finlân. Dêrnei haw ik it net mear loslitte kinnen", seit Houwer.
Oars as wolris by it manljusfuotbal is de sfear yn it stadion neffens Houwer altyd hiel goed. "Der binne gjin hooligans, der is gjin rotsoai, it is altyd gesellich en de fans sitte gewoan trochinoar."
Peter Houwer mei spylster Dominique Janssen © Eigen foto
Yn de jierren is der lykwols wol wat feroare yn de stadions. Op it earste plak is it spul better wurden. "Op it toernoai yn Finlân yn 2009 wie it fuotbal net sa bêst, doe wie it allinnich wat tsjinhâlde en besykje op de 'counter' wat út te finen."
Oare grutte feroaring is fansels dat de stadions in stik foller wurden binne. "Dat hat echt in boost krigen troch it EK toernoai dat sy wûn hawwe yn eigen lân yn 2017."

Sparje

Om dit toernoai goed folgje te kinnen moast Houwer wol aardich wat jild sammelje. 15.000 euro kostet it ûngefear om de froulju goed folgje te kinnen oan de oare kant fan de wrâld. "Ik haw der jierren foar sparre. Ik hie dêrnjonken in 'funding' opset op Facebook mei in oantal aksjes. De helte gie nei it goede doel en de oare helte nei myn reis. Der komt fan mysels ek noch moai wat jild by, mar dat makket neat út, dat haw ik der graach foar oer."
Houwer gokt derop dat de froulju twadde eindigje sille yn de pûl. Dat soe betsjutte dat se fan Fietnam winne en tsjin Amearika ferlieze of lyk spylje. De nûmer twa moat fuotbalje yn Melbourne, Australië.

Finale

Mochten de froulju earste wurde, dan fleane sy nei Sydney. "Dan haw ik noch trije dagen om yn Sydney te kommen. It soe wol moai wêze dat sy earste wurde en Amearika ferslagge."
Houwer tinkt dat mei in bytsje gelok de froulju fier komme kinne: "It is in toernoai, dêr moatte je altyd gelok hawwe en mei in bytsje gelok kinne wy de finale wol helje."