Renovaasje rint fertraging op: fierljepskânsen Bûtenpost mooglik letter klear

nof fierljeppen butenpost
It is no noch in grutte boupleats © RTV NOF
It is in race tsjin de klok foar de fierljepferiening fan Bûtenpost: binne de skânsen wol op tiid klear foar it nije seizoen? Dat wurdt noch in hiele put.
Op it stuit is de Ljeppersklub Bûtenpost drok dwaande mei it renovearjen fan de nije skânsen. De fraach is lykwols oft dat allegear gau genôch klear is. "Troch it wiete waar ha we fertraging oprûn", fertelt bestjoerslid Ludger de Jong.
De gemeente Achtkarspelen joech ferline jier grien ljocht foar 35.000 euro om de skânsen te renovearjen. Dat is nedich as de klup yn de takomst in Nederlânsk kampioenskip organisearje wol. Dat is wol de ambysje yn Bûtenpost.
We hiene stikem hope dat we al fierder wêze soene.
Bestjoerslid Ludger de Jong
Yn totaal kostet de renovaasje goed 164.000 euro. It grutste part wie al binnenhelle mei subsydzjes.
It jild is no gjin probleem mear, mar de tiid wol. "We hiene stikem hope dat we al fierder wêze soene", seit De Jong.
RTV NOF seach by de renovaasje:
De iepeningswedstriid fan dit seizoen is al ferset. "Oarspronklik wie dy pland yn it twadde wykein fan maaie, mar wy ha 'm ferpleatst nei begjin juny. Sa jouwe we ússels wat mear romte."
It bestjoerslid fynt it mar in spannend projekt foar de klup. Se krije wol de stipe fan de gemeente, bedriuwen en sels fan oare fierljepferieningen. "It is útdaagjend, mar ek hiel moai."