Fierljepseizoen úteinset yn Bûtenpost; nije leden fine bliuwt faak in put

By de fierljepferiening fan Bûtenpost is sneon it nije seizoen foar de jongerein begûn. Foar in soad jonge ljeppers is it de earste kear dat se oan in wedstriid meidogge.
Foar guon jongerein giet it fierljeppen eins fansels:
Dêr 't de iene fierljepferiening in soad nije leden hat, falt dat by de oare krekt bot ôf.
By de fierljepferiening fan Winsum sjogge se werom op in suksesfolle dei. De 10-jierrige Hylke Brouwer fan Arum springt 9 meter 83, en nimt dêrtroch it goud mei nei hús ta.
Der komt in soad sjen by sa'n sprong, leit Hylke út: "De ynsprong, de trochswaai, it oplûken, útspringen en de oanrin." Dochs giet it springen neffens him hast fansels.
Vorig jaar begonnen we met drie leden, maar gaandeweg het seizoen zijn er steeds meer bijgekomen. We zitten nu op zestien.
Thijs Faassen fan de fierljepferiening fan Winsum
Coach Thijs Faassen fan Winsum is tefreden oer de resultaten. Ek mei de lede-oantallen giet it dêr goed: "Vorig jaar begonnen we met drie leden, maar gaandeweg het seizoen zijn er steeds meer bijgekomen. We zitten nu op zestien."
Nettsjinsteande it grutte tal leden, fernimt Faassen wol dat de sport net altyd by de bern bekend is: "Maar als zie het zien en ze maken het mee, dan vinden ze het altijd wel leuk om te doen."

Bûtenpost siket nije jeugdleden

By de fierljepferiening fan Bûtenpost wrakselje se dêr ek mei. Marieke Jelsma, foarsitter fan de Ljeppersclup fan Bûtenpost: "Wy hawwe op it stuit hielendal gjin jeugdleden. Wy binne echt op syk nei nije jeugdljeppers."
By Bûtenpost hat der in soad trochstream west, wêrtroch't de jongereinklasse no leech is. Jelsma: "Wy moatte eins opnij mei in ploechje úteinsette no."
It fierljepseizoen set útein yn Bûtenpost