Omrop Fryslân

Ljeppersklub Bûtenpost hopet op stipe gemeenteried foar renovaasje: "Alles is ferrotte"

© RTV NOF, Demi Hoekstra
De Ljeppersklub Bûtenpost hat grutte plannen om it Nederlânsk kampioenskip fierljeppen te organisearjen yn de heine takomst. Mar om dizze dream wier te meitsjen, is in yngreven renovaasje fan 164.300 euro nedich.
Hoewol't in grut part fan dat bedrach al binnen helle is fia ferskate subsydzjes, rêst de lêste finansjele hoop op de skouders fan de gemeente. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat de gemeenteried frege foar it restearjende bedrach fan 35.000 euro.
De klup wol de grutte skânsen, de damwanden om it springwetter hinne en de râne fan it sânbed oanpakke. "It is gewoan ferrotte, it is renovearje of it is de ein fan de klup", seit Ludger de Jong, bestjoerslid fan de Ljeppersklub Bûtenpost.
De gemeenteriedsleden brochten woansdei in besite oan de feriening. Op 12 oktober sil it ûnderwerp op tafel komme yn de riedsgearkomste. De ljeppersklup hopet op in posityf akkoart.
Wethâlder Jouke Spoelstra sei mei klam dat de feriening in wichtige rol spilet yn de regio, mei in soad jeugdleden dy't dizze autentike Fryske sport beoefenje. Dêrom hat de gemeente besletten om it foarstel oan de ried foar te lizzen.
Riedslid Wietske Poelman fan FNP Achtkarspelen is entûsjast oer de ideeën fan de klup. Se seach by de rûnlieding ek in soad entûsjasme by har kollega-riedsleden, wat posityf liket foar de takomst fan it projekt.
Mei de renovaasje yn it foarútsjoch en de stipe fan de gemeente en de riedsleden, liket de feriening yn Bûtenpost klear om it fierljeppen nei nije hichten te tillen en mooglik it fûl begearde NK te organisearjen.
As de âldste ljeppersklup fan Fryslân sjocht de feriening dernei út om prestisjeuze toernoaien te fasilitearjen, mar de fokus leit no earst op it kreëarjen fan nije kânsen troch de heechnedige renovaasje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.