Junior Wisse Broekstra ljept it fierst by Feestwikewedstriid yn Bûtenpost

Junior Wisse Broekstra út Tsjummearum wie freedtejûn de grutte winner by it fierljeppen yn Bûtenpost. Mei syn ôfstân fan 19.83 meter ljepte Broekstra fierder as alle senioaren.
Freark Kramer wûn yn de topklasse mei 19.65 meter, folge op it twadde plak troch Sytse Bokma (19.32). Thewis Hobma einige as tredde by de senioaren (18.90).
By de froulju wie de winst foar Sigrid Bokma (14.85). Femke Rispens kaam 14.60 meter fier en einige dêrmei op it twadde plak. Femke Brouwer makke mei har sprong fan 14.40 meter de top-3 by de froulju kompleet.
Wisse Broekstra ljept it fierst yn Bûtenpost
Mar net ien koe yn Bûtenpost tippe oan de prestaasje fan Wisse Broekstra, dy't twa wiken lyn ek al it Keningsljeppen yn Burgum wûn. Rutger Haanstra waard twadde by de junioaren (19.28) en mei in sintimeter minder pakte Riemer Durk Krol it tredde plak.
Sietse Lefferts ljepte by de jonges foar eigen publyk nei de winst (16.59) en Noa de Boer wie de bêste by de famkes (14.55).
Dit wiene de fiif bêste sprongen yn Bûtenpost