Gemeente Ljouwert lûkt jild út om minima oan it sporten te krijen
Der komt jierliks 4,5 ton beskikber om minima yn Ljouwert oan it sporten te krijen. It jild komt yn in fûns. Minsken dy't der foar yn oanmerking komme, kinne in bydrage oanfreegje.
De komst fan it fûns is al skoften in grutte winsk fan de gemeenteried en de amtlike tsjinst yn Ljouwert. Dizze regeling is spesjaal foar folwoeksenen; foar bern is al krekt sa'n fûns. It giet om maksimaal 300 euro de dielnimmer.
Gjin pas
It moat derfoar soargje dat dizze groep net yn in sosjaal isolemint rekket. Boppedat helpt it ek om minsken sûn en fit te hâlden. Der wie diskusje oer de foarm. Sa waard earst tocht oan in spesjale pas dy't ek yn oare gemeenten brûkt wurdt.
It fûns is lykwols anonimer om't alles plakhat efter de skermen. De persoan dy't der dan gebrûk fan makket, kin dan gewoan nei de sportferiening om te sporten. Ek jouwe passen mar foar ien kear koarting en giet it om oanbiedings yn in breed oanbod. Wol ien struktureel sporte of muzykynstruminten bespylje, dan kin dat net.
Ek lizze de kosten fan in fûns leger as in pas. Dat jild bliuwt oer foar de dielnimmers.
Minsken dy't krekt wat mear fertsjinje as it bystânsnivo kinne in oanfraach dwaan. Foar in allinnichsteande âlder leit de boppegrins op 1540 euro.
Mocht der safolle flecht op de koai wêze dat it jild samar op is, dan wurdt socht nei in oplossing. Dêrneist is mei de ried ek ôfpraat dat minsken de bydrage net werom te beteljen hoege as se wurk fine of te folle fertsjinje.
It fûns wurdt oanstjoerd út Sport Fryslân wei. Ljouwert is net de earste gemeente. Under oare Waadhoeke, Noardeast-Fryslân en Opsterlân binne dêr ek by oansletten. Der wurdt no sjoen oft de gearwurking ek foardielen opsmite kin.