Advokaat: Joost Klein ûntkent alle beskuldigingen
Joost Klein ûntkent by de Sweedske plysje dat er wat ferkeard dien hat. Dat melde Sweedske media.
Klein moat him nei alle gedachten begjin juny melde by de rjochtbank foar in ynsidint by it Eurovisie Songfestival, dêr't in meiwurker fan it festival oanjefte foar dien hat.
Neffens omrop AVROTROS soe Klein 'in driigjende beweging' nei har makke hawwe, omdat sy him tsjin de ôfspraken yn filme.
Klein waard diskwalifisearre foar de finale.
Syn advokaat lit no oan Sweedske media witte dat de plysje noch dwaande is mei it ûndersyk. It lokale Iepenbier Ministearje en de rjochtbank kinne dat net befêstigje.
Advokaat Jan-Åke Fält, dy't Klein fertsjintwurdiget, seit tsjin de Sweedske omrop SVT dat de kâns op frijspraak 'grut' is. Hy hâldt noch in slach om de earm wat de sittingsdatum oanbelanget. Dy stiet no pland foar begjin juny, mar dat kin neffens Fält noch feroarje.