Analyze: Sûnder diskwalifikaasje hie Joost Klein finale ek net wûn
As Joost Klein op it lêste momint wol meidien hie oan de finale fan it Eurovisie Songfestival, hie er net wûn. Dat blykt út in analyze fan Omrop Fryslân.
Nei syn diskwalifikaasje sille we fansels nea echt witte hoe't er it dien hie yn de finale fan it Songfestival, mar der binne wol gegevens bekend, lykas de punten dy't er krige fan de faksjuery's.
Ut in analyze fan dy gegevens docht bliken dat Klein it festival matematysk net winne koe.
Klein waard sneon, oeren foar de liveshow fan de finale fan it Songfestival, útsletten fan dielnimming. Hy soe in 'driigjende beweging' rjochting in kamera makke hawwe doe't hy nei syn optreden yn de heale finale sûnder tastimming filme waard. Foar de organisaasje fan it Songfestival genôch reden om him út te sluten.
Twadde yn heale finale
Mar oan dy heale finale hat Klein dus wol meidien. De Britsumer kaam oan de ein fan de show as ien fan de finalisten út de bus. Nei de finale fan sneon binne de detaillearre resultaten fan de heale finalen bekend makke.
Dêrút docht bliken dat 'Europapa' twadde wurden is yn syn heale finale. Nederlân krige yn totaal 182 punten. Dêrmei moast it allinnich 'Hurricane' fan Eden Golan út Israel foargean litte (194).
Utslach boppeste lannen twadde heale finale Eurovisie Songfestival
| Lân | Tal punten |
| Israel | 194 |
| Nederlân | 182 |
| Armenië | 137 |
| Switserlân | 132 |
Yn de heale finale stimde allinnich it publyk mei. Nei analyze fan de útslach docht bliken dat alle lannen dy't yn dizze heale finale meistimme koenen, op syn minst 7 punten oer hienen foar 'Europapa'.
Fan Eastenryk, België, Grikelân en Malta krige Klein sels 'douze points'.
Sjoch op de kaart hjirûnder hoefolle punten de dielnimmende lannen yn de heale finale oan Joost Klein joegen:
Oan de liveshow foar de finale hat Nederlân net meidien, dat is bekend. Mar freed hie de organisaasje noch gjin beslút naam. Klein mocht dan wol net mear repetearje, mar hy wie doe noch net diskwalifisearre.
Sjuerypunten
De sjuerys út alle dielnimmende lannen hawwe 'Europapa' wol beoardiele. Dat dienen se op basis fan it optreden yn de twadde heale finale. De sjueryleden krigen in fideo fan dat optreden te sjen.
Hoewol't Nederlân op de offisjele útslaggepagina net yn de sjueryútslach stiet, kinne we wol útdokterje op hokker plak Nederlân yn elts lân by de sjuery einige is. Foar alle lannen is nammentlik in ranglist publisearre fan 1 oant 26. De nûmer ien krige de 12 punten fan de sjuery fan dat lân en de nûmer tsien krige 1 punt.
Mar op al dy ranglisten mist ien getal. En dat is de posysje wêrop't Nederlân einige is. Sa ûntbrekt by Albanië bygelyks nûmer 17 en by Servië nûmer 6. Dat betsjut dat 'Europapa' de nûmer 17 wie by de Albaneeske sjuery en de nûmer 6 by de Servyske sjuery.
Alle kearen dat Nederlân by in lân yn de top-10 stie, hie it punten krigen. As we dat by elkoar optelle, komme we út op 58 punten.
Sjoch hjirûnder op watfoar plak de sjuerys 'Europapa' setten yn de finale:
Mei dit punte-oantal hie Nederlân op it tolfde plak einige by de sjuerys.
Mei Nederlân derby hie it sjueryresultaat der yn de finale sa útsjoen:
Sjueryresultaat mei Joost Klein
| Lân | Tal punten |
| Switserlân | 365 |
| Frankryk | 214 |
| Kroäsië | 207 |
| Italië | 164 |
| Oekraïne | 140 |
| Ierlân | 135 |
| Portugal | 135 |
| Sweden | 119 |
| Armenië | 96 |
| Dútslân | 96 |
| Lúksemboarch | 82 |
| Nederlân | 58 |
| Israel | 51 |
| Feriene Keninkryk | 43 |
| Grikelân | 40 |
| Letlân | 34 |
| Syprus | 32 |
| Litouwen | 32 |
| Servië | 21 |
| Eastenryk | 18 |
| Spanje | 15 |
| Georgië | 15 |
| Slovenië | 15 |
| Noarwegen | 11 |
| Finlân | 6 |
| Estlân | 2 |
Hjirmei witte we ûngefear 50 prosint fan wat it einresultaat wêze soe as Joost Klein wol meidwaan mocht. It publyk hat yn de finale nea de kâns krigen om op Nederlân te stimmen.
Top-10
It is wol oannimlik dat Klein in goed televotingresultaat delset hie. Nederlân waard ommers twadde yn de heale finale, en dêrby mocht allinnich it publyk stimme. As we sjogge nei de lannen dy't yn de twadde heale finale om Nederlân hinne einige binne, dan binne dy lannen allegear yn de top-10 einige by de televoting yn de finale.
As Joost Klein wol talitten wie ta de finale fan it Eurovisie Songfestival, is it net ûntinkber dat it in ekstra foardiel opsmiten hie. De kwestje-Klein wie yn alle dielnimmende lannen yn it nijs en hie dêrom ta ekstra bekendheid en ekstra punten foar 'Europapa' late kind.
Israel waard twadde by it publyk mei 323 punten, Switserlân wie de nûmer fiif mei 226 punten en Armenië wie de nûmer njoggen mei 82 punten. It is dus hielendal net sa nuver om te tinken dat 'Europapa' op syn minst earne yn de 100 punten skoard hie, en miskien wol rjochting de 200 punten gien wie.
Stel: Nederlân hie 150 punten skoard, dan hie Klein sechsde wurden by it publyk. As we dat by de sjueryskoare fan 58 optelle, dan komme we oer de 200 punten hinne. Mei dat punte-oantal hie Nederlân op syn minst achtste wurden.
Gjin winner
Hie Klein it Songfestival dan winne kind? Nee, dat is matematysk ûnmooglik. Fan it publyk hie Nederlân maksimaal 444 punten helje kind (12 punten fan 37 lannen). Mei de 58 sjuerypunten derby, komme je op in totaal fan 502 punten.
Switserlân behelle úteinlik 591 punten. As Nederlân by alle lannen earste wurden hie, dan hie Switserlân noch wol wat punten ynlevere. Mar dat kinne der net mear as 38 wêze, en dus hie Switserlân altyd op 553 punten einige. Dat is mear as Nederlân mei dit sjueryresultaat helje kind hie.