AVROTROS: Joost Klein makke "dreigende beweging", frou net oanrekke
Omrop AVROTROS hat niiskrekt in statement frijjûn oer it ynsidint mei Joost Klein. It barde nei it optreden fan Klein op tongersdeitejûn yn de heale finale.
Yn it foar hie de Nederlânske delegaasje ôfspraken makke dat Klein by it ferlitten fan it poadium net filme wurde soe. Dat waard lykwols net respektearre.
Klein soe dêrnei in "dreigende beweging" makke hawwe nei de kamera. Hy soe dêrby de kamerafrou net rekke hawwe.
"Gisteren en vandaag hebben we uitgebreid met de EBU overlegd en verschillende oplossingen aangedragen", stiet yn it statement. "Desondanks heeft de EBU toch besloten Joost Klein te diskwalificeren."
De diskwalifikaasje stiet neffens AVROTROS net yn proporsje mei it ynsidint.
"We staan voor goede omgangsvormen, laat daar geen misverstand over bestaan, maar een maatregel tot uitsluiten staat in onze ogen niet in verhouding tot dit incident."
De omrop seit teloarsteld te wêzen dat it Songfestivalaventoer fan Klein sa einigje moat.