De jûn fan Joost: Tûzenen minsken ûnder Aldehou en in offisjele klacht
Foar it earst sûnt Celine Dion yn 1988 hat Switsterlân it Eurovisie Songfestival wûn, mar dat wie net it meast opfallende fan de jûn.
In dei letter giet it benammen oer de man dy't der net by wêze mocht: Joost Klein. Oer hoe't Estlân yn it Nederlânsk 'dankjewel' sei tsjin it publyk. Oer de manier wêrop't de baas fan it Songfestival útfluite waard, en oer Nikkie de Jager dy't wegere de Nederlânske punten út te dielen.
Yn Ljouwert stiene tûzenen minsken op it Aldehoustertsjerkhôf te sjen nei grutte skerms mei de útstjoering fan it Songfestival. Even earder wiene dêr optredens fan artysten. It hie in Joostfeest wurde moatten. It waard 'een troostfeest'.
It feest waard iepene mei in remix fan Europapa
Neffens de gemeente Ljouwert wie it in sukses. "We kijken terug op een geslaagde avond ondanks de deceptie die we eerder op de dag te horen kregen", seit wethâlder Hein Kuiken. "Heel mooi dat er toch zoveel mensen op de been waren, de sfeer was gemoedelijk."
It songfestivalfeest yn Ljouwert luts op it drokste punt sa'n 5.500 besikers.
Joost Klein 'in zak en as'
Joost Klein sels wie net yn Ljouwert. De organisaasje hie him útnûge doe't dúdlik wurden wie dat er yn Malmö net optrede mocht.
Klein sels hat nei syn diskwalifikaasje noch net reagearre. Neffens De baas fan AVROTROS, Taco Zimmerman, is hy "ontzaglijk verdrietig."
"Hij had zo graag willen optreden voor al die fans. Hij zit in zak en as."
Klein wie ree om syn ekskús oan te bieden, seit Zimmerman. Hy soe in driigjend beweging makke ha nei in kamerafrou. Dy hat dêr sels in oar ferhaal by, hearre we by de Sweedske radio, mar wat dat ferhaal dan is bliuwt ûndúdlik.
Takom jier wer?
Kommissaris fan de Kening Arno Brok - sels in grut leafhawwer fan it Songfestival - wol Joost Klein takom jier wer nei it Eurovisie Songfestival.
"As bliken docht dat er ûnterjochte diskwalifisearre is, dan hoopje ik dat er sels de krêft en de ambysje hat om takom jier wer foar Nederlân mei te dwaan", sa pleite de kommissaris op de radio.
Brok makket him soargen oer Joost Klein. "Ik freegje my op dit stuit ôf hoe't it mei him sels is. En mei de minsken om him hinne dy't hjir ek in soad fertriet fan ûnderfine."
De NPO hat yntusken mei út namme fan omrop AVROTROS beswier makke tsjin de diskwalifikaasje fan Joost Klein.