250 jier lyn krige Eisinga troch bysûnder fenomeen "het duwtje" om syn planetarium te bouwen
Hjoed presys 250 jier lyn kaam Eise Eisinga op it idee om yn syn hûs in planetarium te bouwen. De oanlieding: ûngerêstens oer de planeetkonjunksje fan 1774, wêrby't fjouwer planeten en de moanne ticht byinoar stienen.
"Precies 250 jaar geleden was een hele fraaie planeetsamenstand te zien", fertelt Adrie Warmenhoven, direkteur fan it Eise Eisinga Planetarium.
"En er is een duidelijke link tussen die samenstand en waar we nu staan", seit er, as er omheech sjocht yn de ferneamde blauwe keamer.
De wrâld soe fergean
Neffens Warmenhoven is hiel lang it byld sketst dat Eisinga mei syn planetarium de wrâld rêde woe, omdat troch de konjunksje foarsein waard dat dy fergean soe. Mar dat kloppet net, Eisinga woe just bewize dat it net sa barre soe.
De konjunksje fan de fjouwer planeten waard yn dy tiid útlein as oft de planeten te ticht by inoar komme soene. "De aarde zou volgens sommigen de zon worden ingeslingerd", seit Warmenhoven.
"Waarschijnlijk had Eisinga al langer het idee om zijn kennis te gebruiken om een mooi planetarium te bouwen. Dit was voor hem net het duwtje in de rug om te besluiten de mensen voor eens en altijd te laten zien hoe alles werkelijk in elkaar zit."
Jong leard, âld dien
Eisinga wie al hiel lang mei it ûnderwerp oan de gong. Op syn fyftjinde wie er mei wis- en sterrekunde dwaande, op syn santjinde foarsei er al sinne- en moannefertsjusteringen. "Hij zat er al mee in zijn hoofd."
Eisinga begûn de bou fan it planetarium yn syn wenkeamer yn 1774. De amateurastronoom die der sân jier oer. Der wurdt woansdei dus noch gjin 250-jierrich jubileum fan it planetarium fierd.
Yn 1781 wie er klear en iepene er syn planetarium yn syn hûs foar it publyk. "Iedereen mag vast in de agenda zetten dat over zeven jaar, in 2031, we groots vieren dat het planetarium 250 jaar lang echt open is", seit Warmenhoven.
Undersyk
Dochs wol it planetarium ek de dei fan hjoed net samar foarby gean litte. "We vinden het zo bijzonder, we zijn vorig jaar bijgeschreven op de werelderfgoedlijst van UNESCO. Er is heel veel onderzoek gedaan en veel meer bekend geworden over Eisinga."
Basearre op al it ûndersyk dien foar de UNESCO Wrâlderfgoedstatus is in boek skreaun oer Eisinga. Dêrneist wurdt yn Grins in lêzing hâlden en makke Omrop Fryslân de dokumintêre 'Stjerrenacht'. Dy wurdt kommend wykein útstjoerd.
De FryslânDOK is sneon 11 maaie om 15.30 oere te sjen op NPO 2, op snein 12 maaie op Omrop Fryslân, fan 17.00 ôf alle oeren.
In konjunksje fan planeten sa't dy fan presys 250 jier werom komt trouwens wol faker foar. "Planeten ontmoeten elkaar regelmatig, want ze hebben allemaal hun eigen beweging om de zon. Mercurius gaat in 88 dagen rond, Jupiter in 12 jaar."
Dat betsjut dan wer net dat de konjunksjes altyd waarnommen wurde kinne. "U moet het zo zien: het kan ook zijn dat overdag de zon het overstraalt of het kan slecht weer zijn. Maar over het algemeen kun je zeggen dat er elke 12 jaar ongeveer wel een vrije planeetsamenstand is."
Allegear nei boppe sjen
Dy gearstân is dan goed te sjen yn it planetarium, oan it plafond. "Dat is het mooie, want het is een actueel werkend model. Dus op het moment dat het een samenstand is, kunnen we dat hier ook in de kamer zien. Dat doen we ook altijd met ons publiek, al eeuwenlang op die manier."
"Op het moment dat er iets bijzonders aan hemel gebeurt, kunnen we dat aan de hand van het model van Eisinga, van zo lang geleden, ook heel mooi illustreren."