Skrikkeldei yn Planetarium bliuwt spesjaal: "Dichter bij Eise Eisinga kom je niet"

Directeur Warmenhoven op de zolder van het Planterium
Direkteur Warmenhoven op de souder fan it Planetarium © Omroep ZIlt, Larissa Lokenberg
Skrikkeldei betsjut ien kear yn de fjouwer jier in ekstra put foar Adrie Warmenhoven. De direkteur fan it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer soarget derfoar dat de datum fan it astronomysk apparaat altyd kloppet.
Warmenhoven fynt it alles behalve slim om dat dwaan te moatten: "Je grijpt in op het radarwerk van Eise Eisinga zelf. Dichter bij hem, bij datgene wat hij 240 jaar geleden heeft gemaakt, kun je niet komen. Echt heel speciaal."
It Planetarium rint moarn wer goed
Neidat er it Planetarium klear hie, skreaun Eisinga in hantlieding dêr't it radarwurk ek yn de takomst oant op de sekonde draaiend holden wurden koe. Dy hantlieding folget Warmenhoven no ek, ek al folget er net mear alle ynstruksjes op.
Sa skreau Eisinga: "Plat op het lijf, en vooral met een kort Endtje Kaars op een blaker, voorzigtig om geen brand te veroorzaken."
Yn it goed ferljochte en befeilige Planetarium hoecht Warmenhoven him net mear hoeden krûpend mei in kears oer it oerwurk te bûgjen.
De ynstruksjes sa't Eise Eisinga se opskreaun hat foar in skrikkeldei
De ynstruksjes sa't Eise Eisinga se opskreaun hat foar in skrikkeldei © Eise Eisinga Planetarium
Troch it rêd op skrikkeldei in etmiel werom te setten, draait it radarwurk fan it Planetarium de kommende jierren ek oant op 'e sekonde goed. Yn Frentsjer is it dus twa dagen efter elkoar 28 febrewaris. Sa rint it apparaat freed wer lyk.
Mei de hân wurdt it datumwiel in dei weromdraaid
Mei de hân wurdt it datumwiel in dei weromdraaid © Omroep ZIlt, Larissa Lokenberg
It systeem in dei stilsette is neffens Warmenhoven gjin opsje. "Dan staat alles stil en draaien ook de planeten in het planetarium niet meer. Terwijl die geen weet hebben van onze kalender."