Foar it earst yn jierren mear as miljoen besikers foar Fryske musea

anp
It Planetarium, sûnt septimber wrâlderfgoed, luts in soad ekstra besikers © ANP
Mear as in miljoen minsken hawwe yn it ôfrûne jier in besite brocht oan in museum yn Fryslân. Dêrmei komt it oantal foar it earst sûnt it de coronakrisis wer boppe in miljoen út.
Ferskate musea belibben sels in rekôrjier, lykas it Skipfeartmuseum, Museum Dokkum, Museum Dr8888 en it Woudagemaal op 'e Lemmer. Dat jildt fansels ek foar it Keninklike Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer, dat yn septimber de Wrâlderfgoedstatus krige.
Besikers yn Frjentsjer gongen dêr net allinnich nei it Planetarium ta: ek Museum Martena en it Keatsmuseum jouwe oan dat se yn it neijier mear besikers hienen as foarige jierren.
We merken dat vooral lokale en regionale activiteiten goed werken voor de musea.
Mirjam Pragt fan de Museumfederatie
Mirjam Pragt fan Museumfederatie Fryslân fynt it moai dat der wer mear minsken nei de musea geane. "Zeker voor een aantal musea die afgelopen jaar een jubileum vierden. We merken dat vooral lokale en regionale activiteiten goed werken voor de musea."
Dan doelt se op jubileumaksjes, in merk of bradery. "Maar ook de Open Museum Maand, Help Pake & Beppe de Vakantie Door, Coole Kidsnacht en natuurlijk ook Museumnacht FRL in september."

Finansjele noed

It is net allegear moai waar en lange dagen foar de museumsektor, der binne ek soargen. "Op financieel gebied zeker", seit Pragt. "Bijvoorbeeld als het gaat om het rondkrijgen van de begroting, maar ook de inflatie en de hogere gasprijs. Door dat laatste gingen enkele musea zelfs later open in 2023."