Omrop Fryslân

Impact nije status Planetarium is grut: al in moanne lang topdrokte

Direkteur-konservator Adrie Warmenhoven fan it Planetarium
© Eise Eisinga Planetarium

Elke dei in útferkocht hûs en media-omtinken út alle hoeken fan de wrâld. In moanne neidat it Planetarium de wrâlderfgoedstatus krigen hat, stiet it museum yn Frjentsjer noch hieltyd folop yn de belangstelling.

"Het is uitzonderlijk", seit direkteur Adrie Warmenhoven. Fjouwer jier lyn, doe't de de keninklike famylje op besite kaam, koe er al in posityf effekt fernimme.

Mar de impact dy't de beneaming ta wrâlderfgoed hat, slacht alles. "Destijds met de koninklijke familie was er een week lang sprake van veel meer bezoekers. Nu is het al een maand topdrukte."

De flagge fan UNESCO oan de gevel fan it Planetarium
© Omrop Fryslân

Gewoanwei is de simmerfakânsje de drokste perioade fan it jier foar it Planetarium. Dat it publyk no al mear as in moanne manmachtich it paad nei Frjentsjer ta wit te finen, binne se net wend. "Over twee weken is het november. Dat is voor ons altijd een rustige periode, dus ik ben heel benieuwd hoe dat nu gaat zijn."

Ek de hjerstfakânsje is elk jier in drokke perioade foar it Planetarium (dizze wike hat it suden frij, nije wike it noarden), mar sa gek as no hat Warmenhoven it noch noait meimakke. "Een dag van tevoren zitten we meestal al volgeboekt. Ieder weekend zit ook vol." Alle dagen hat it gebou oan de Eise Eisingastrjitte plak foar 480 minsken.

Zo worden we snel mondiaal bekend.
Adrie Warmenhoven krijt ek út it bûtenlân ynterviewoanfragen

It is mei te tankjen oan alle publisiteit dy't it Planetarium sûnt ferline moanne krijt. "Het is enorm, het is landelijk opgepikt. Kranten, talkshows, radio, overal kwam het nieuws langs. Dus dat het zo druk is, is ook weer niet zo gek."

Ynternasjonaal krijt Warmenhoven ek ynterviewfersiken. Sa spruts er al mei it mondiale parseburo AP en wie er ferline wike te hearren op de Hongaarske radio. "Dat was heel leuk, een soort voorstelrondje. Zo worden we snel mondiaal bekend."

Waarm kontakt mei oare lokaasjes

Warmenhoven wie troch oare wrâlderfgoedlokaasjes yn Nederlân taret op it al it ekstra omtinken. "We zitten regelmatig om tafel, we hebben heel goed contact. De afgelopen maanden en jaren ging dat vooral over het dossier: hoe zorg je ervoor dat je de status verkrijgt? Heel fijn om te horen hoe anderen dat hebben aangepakt."

Al yn it earste wykein nei de beneaming wie it drokker by it Planetarium:

De nije status fan it Planetarium lûkt ek nije besikers

En it wurk hâldt net op no't de status binnen is. "Nu bespreken we hoe we de status gaan uitdragen. We zorgen bijvoorbeeld voor educatie door materiaal aan scholen te leveren. En we denken na over hoe we onze locatie nog aantrekkelijker maken voor binnen- én buitenlandse bezoekers."

Hy ferwachtet dat de belangstelling fan dy bûtenlânske besikers benammen takom jier tanimme sil. "Dat duurt vaak net iets langer. Het hangt er bijvoorbeeld van af wanneer touroperators en reisbureaus ons opnemen in hun programma. Komend voorjaar zal dat gaan lopen, denk ik."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.