Gjin grutte tentoanstellingen mear? Fries Museum hat noed oer de takomst

It Fries Museum
It Fries Museum © Fries Museum
M.C. Escher, Alma-Tadema, Mata Hari: it binne útstallingen út de topjierren fan it Fries Museum. De grutte fraach is oft we tentoanstellingen fan dat kaliber noch wol sjen sille yn it grutste museum fan Fryslân.
It Fries Museum hat it dreech troch tanimmende kosten. Dêrnjonken sjocht de takomst der minder hoopfol út, no't de provinsje besunigje wol op kultuer.
"We zien dat de toegenomen kosten de tentoonstellingen uit de begroting drukken", fertelt direkteur Kris Callens. Hy doelt op de kosten fan de enerzjy, de befeiliging en it behear fan it gebou en de kolleksje.

De sparpot rekket in kear op

It museum tart no noch op de sparpot dy't tusken 2126 en 2018 goed fol rekke. Mar nei 2025 is dat op, is de ferwachting.
"We gaan alleen nog maar grote tentoonstellingen doen als we hier extra financiering hebben", fersuchtet Callens. Foarearst komt de fokus mear op de regio te lizzen.
Kris Callens, direkteur fan it Fries Museum
Kris Callens, direkteur fan it Fries Museum © Omrop Fryslân
It Fries Museum giet mei de kolleksje op toer troch hiel Fryslân. Dat wurdt mooglik makke troch ien miljoen euro fan de Vriendenloterij. Mar it betsjut minder fokus op alles bûten Fryslân. "We houden de luiken wel open, zoals met de tentoonstelling 'Ja ik wil' over 250 jaar bruidsjurken van heel Nederland."

De helte fan Grins

Mar Callens jout ta dat grutte tentoanstellingen mei nasjonale en sels ynternasjonale alluere der net mear ynsitte, oars as by it Groninger Museum en it Drents Museum.
"De drie musea in het noorden zijn heel goed in het genereren van extra inkomsten, daardoor kunnen we onze subsidie verdubbelen. Maar dan is wel bepalend wat die subsidie is. Die van ons is nu 3,3 miljoen en die van het Groninger Museum is 5,7 miljoen."
As beide museums dat witte te ferdûbeljen, kinne se yn Grins mei 11 miljoen wurkje, yn Ljouwert mei 6,5.

Wichtich foar toerisme

Kultuer is de lêste jierren in wichtige pylder wurden ûnder it toerisme yn Fryslân. Merk Fryslân - de marketingorganisaasje foar it toerisme yn ús provinsje - sjocht dat kultuertoerisme in soad jild opsmyt foar Fryslân. Foaral omdat it ek toeristen op de wat rêstige mominten nei Fryslân ta hellet.
Martin Cnossen fan Merk Fryslân
Martin Cnossen fan Merk Fryslân © Omrop Fryslân
"We sizze al hiel lang dat it moai wêze soe as it Fries Museum bygelyks fan novimber oant april in moaie eksposysje plant, want dat is de perioade dat it yn de hotels folle rêstiger is", seit Martin Cnossen, direkteur fan Merk Fryslân. "Mei sa'n aktiviteit kinne we bêst in soad minsken lûke."
"Dat is yn it ferline ek dien en it wurket. It smyt in hiel soad jild op, dus dy ynvestearring kin maklik út."

Oare boarnen fine

Mar wêr moat de ynvestearring yn sa'n eskposysje wei komme? "It jild komt no foaral by de oerheid wei, wylst it rendemint by in hiel skala oan ûndernimmers terjochte komt", seit Cnossen.
Dat wurdt no minder. "It jild dat der de lêste jierren wie út de NUON-jilden rekket op: de sparpot fan de provinsje is leech. Dan begryp ik ek dat der keazen wurde moat."
De provinsje Fryslân wie ien fan de oandielhâlders fan enerzjybedriuw NUON. Doe't NUON yn 2009 oergie nei it Sweedske Vattenfall, fertsjinne Fryslân dêr 1,2 miljard euro oan. Dat jild gong nei de regionale ekonomy, lykas de wenningmerk en rap ynternet.
Cnossen fynt it in yngewikkelde puzel, mar sjocht ek mooglikheden. "We sjogge de lêste jierren faker dat ûndernimmersfûnsen meidogge. Yn oare lannen gebeurt dat ek. Ik fyn it in ferkenning wurdich om te sjen hoe't private middels helpe kinne as de oerheid minder dwaan kin."
Drokte yn it Fries Museum yn 2016 mei de útstalling Alma-Tadema
Drokte yn it Fries Museum yn 2016 mei de útstalling Alma-Tadema © Ruben van Vliet
It Fries Museum kin dêr no net op wachtsje. Neffens direkteur Callens giet it al lang net mear om it wol of net organisearjen fan grutte tentoanstellingen, de saneamde 'blockbusters'. Mei de besunigingen op kultuer foar de doar hat Callens grutte soargen.
"We willen er alles aan doen om de basis overeind te houden. Want als dat ook nog minder wordt, komen het beheer van het gebouw en de collectie, de schoolprogramma's en het open houden van het museum echt in gevaar."