Nije status Planetarium soarget yn earste dagen al foar "bijna verdubbeling" yn tal besikers

In wrâlderfgoedstatus makket echt wol wat út, fernimme se by it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. Dêr nimt it tal besikers behoarlik ta sûnt it museum dy status hat. Sneon wie it hast fol.
"We hebben nog een paar kaartjes, maar niet veel meer", seit rûnliedster Sjoukje van Schaik. "Het is vergelijkbaar met de zomerdrukte. En als ik het vergelijk met vorig jaar deze periode, dan is het bijna een verdubbeling van het aantal bezoekers."
De nije status fan it Planetarium lûkt ek nije besikers
Sûnt de coronakrisis wurket it Planetarium mei tiidslots. Dat wol sizze: minsken moatte in kaartsje keapje foar in fêste tiid, sadat it museum de drokte ferdiele kin. Dat systeem komt no goed fan pas.
"Er kunnen dertig mensen per tijdslot naar binnen. Dan is het voor iedereen plezierig. Er kan maar een beperkt aantal mensen in de planetariumkamer. Het is voor niemand fijn als het ontzettend druk wordt. Vandaar dat we die tijdslots erin hebben gehouden."
Van Schaik fernimt dat minsken oeral wei komme. Guon besikers woenen altyd alris nei it Planetarium, oaren komme spesjaal no omdat it dizze wike yn it nijs wie.

Dat jildt ûnder oare foar in famylje út Soest. "Gisteravond waren we in Leeuwarden, dus we dachten: we moeten gebruikmaken van deze mogelijkheid om dat even te combineren met Franeker."
It museum kin de ekstra drokte goed oan, neffens Van Schaik. "We ontvangen al eeuwenlang mensen in de kamer van het Planetarium. Zeker nu we beperken hoeveel mensen er tegelijk in mogen, is het prima te doen."