Omrop Fryslân

Spoaren fan de oarloch: hjir is de Fryske besettingstiid noch altyd sichtber

Der is noch fan alles werom te finen út de oarlochstiid
© Omrop Fryslân
De Twadde Wrâldoarloch is 79 jier lyn en de measte Friezen ha dêr neat fan meimakke. Mar op tsientallen plakken yn Fryslân fynst noch spoaren fan de oarloch, dy't dêrom noait fier fuort is.
Betinkingsstiennen, strjitnammen, plaketten mei in tekst oer de Twadde Wrâldoarloch: se binne oeral yn de provinsje werom te finen.
Mar op guon plakken is de oarloch noch echt sichtber, yn gebouwen, lokaasjes en oerbliuwsels út de besettingstiid.
In greep út de lokaasjes dy't 1940-1945 noch yn 't ûnthâld bringe:
Ferburgen yn de Haulsterbosk tusken Haskerhoarne en Ousterhaule leit in droppingsfjild
© Omrop Fryslân, Frouke Pekema

Droppingsfjild Haskerhoarne

De alliearden dropten fan oktober 1944 ôf fjouwer kear wapens yn in stik greide tusken Haskerhoarne en Ousterhaule, hjoed-de-dei de Haulsterbosk. Eltse kear gie it om 25 konteners fan sa'n 200 kilo. De alliearden foarseagen sa 1.300 Friezen fan wapens, mar ek fan iten.
Op dizze wize wiene der tsien droppingsterreinen yn de provinsje. Alle lokaasjes hiene in eigen koade. Foar Haskerhoarne wie dat: 'Wie de schoen past, trekke hem aan'. As it ferset dy sin hearde yn de Belgyske útstjoering fan de BBC, wist men dat der nachts in dropping folgje soe.
Dizze âlde tribune wie de rêding foar in soad lju
© Omrop Fryslân, Frouke Pekema

Razzia op fuotbaltribune

De âlde houten tribune fan fuotbalklup LSC 1890 út Snits rêde yn de oarloch it libben fan in soad fans. De Dútsers pakten 24 minsken op by in razzia op it sportpark op 21 maaie 1944. Dizze minsken waarden oan it wurk set foar de Dútske oarlochsyndustry.
De measte fan de hûnderten oanwêzigen wisten lykwols te ûntkommen. De aksje waard nammentlik oankundige fia in megafoan. De fêste supporters wisten dat se út in foarriedkast wei skûlje koenen ûnder de tribune. Nei in lange nacht koe eltsenien feilich ûnder de tribune út krûpe.
Je rinne der sa by del, mar ûnder de daksgoaten binne de gatten noch sichtber
© Omrop Fryslân, Frouke Pekema

Bomgatten yn Ljouwert

Flak achter it stasjon fan Ljouwert binne yn de gevel fan in hûs oan de Spoorstraat noch gatten te sjen. Dy binne it gefolch fan grutte brisantbommen dy't dropt binne troch de Ingelsken. Sy woenen it Dútske fleanfjild reitsje of dumpten de bommen by loftgefjochten as ballêst.
Dat barde foar it earst op 20 jannewaris 1942 yn de wyk by de Spoarstrjitte. Dêrby foelen fjouwer slachtoffers, ûnder wa in poppe en in jonkje fan 11 jier âld.
Yn 1943 waard de klok fan Akkrum meinaam troch de Dútsers
© Omrop Fryslân, Frouke Pekema

Tsjerkeklok Akkrum

Njonken de tsjerke yn Akkrum stiet in tsjerkeklok fan mear as 320 jier âld. Dy hong ea yn de toer, mar waard yn 1943 meinaam troch de Dútske besetter. Yn Fryslân waarden yn totaal sa'n 600 klokken foardere, mei as doel om se om te smelten foar geskut.
Guon klokken bleau dat lot besparre. Sa ek dy fan Akkrum. Nei de oarloch kaam de klok werom, al wie er wol skansearre en dêrtroch net mear geskikt om tsjinst te dwaan. No hinget er as 'needklok' njonken de tsjerke.
It MAZA-gebou yn Harns ferfolle in wichtige funksje yn oarlochstiid
© Omrop Fryslân, Frouke Pekema

Wenje yn in munysjedepot

Yn Harns wenje tsjintwurdich minsken yn gebouwen dy't earder brûkt waarden om geskut te reparearjen. Oan de Kimswerterwei waard yn 1941 it MAZA-gebou delset.
Dat stie foar 'Marine Artillerie Zeugambt'. It wie bedoeld as reparaasjewurkplak foar geskut fan de marine. Yn it pân siet ek in munysjedepot. Nei de oarloch siet yn it gebou ûnder oare in fabryk foar kokosmatten en in pikebedriuw. Sûnt 2014 is it in wenlokaasje.
It astronomysk oerwurk pronket noch altyd op de toer yn Wier
© Omrop Fryslân, Frouke Pekema

Underdûkersoerwurk yn Wier

Op de Ioannistsjerke yn Wier pronket in bysûnder oerwurk op de toer. It giet om in astronomysk oerwurk, dêr't bygelyks de stân fan de moanne op te sjen is. It oerwurk is makke troch ûnderdûker Fred Bruijn, in studint út Leiden.
Bruijn wegere in ferklearring te tekenjen wêryn't er tasizze moast neat tsjin de besetter te ûndernimmen. Fia it ferset kaam er yn Wier terjochte. Hy waard finzen naam, mar oerlibbe de oarloch. Yn 1946 makke hy it oerwurk foar Wier, as tank foar it ûnderdûkplak dat er krigen hie by in pleats.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.