Omrop Fryslân

Bommewerper út Twadde Wrâldoarloch hat nij plak: "Crash hat dit gebiet markearre"

De tentoanstelling yn it nije ûnderkommen
© Merk Fryslân
De tentoanstelling oer de crash fan in bommewerper yn De Alde Feanen by Warten hat nij plak krigen. De Lancaster R5682 komt foarearst yn it âlde reedrydlokaal njonken it Skûtsjemuseum yn Earnewâld.
De útstalling siet earder yn it besikerssintrum fan De Alde Feanen, mar sûnt dat ferkocht waard, stie it guod yn opslach.
Nei in oprop by lokale ûndernimmers is der no in nij plakje fûn: it âlde reedrydlokaal njonken it Skûtsjemuseum. Dat is op 'e nij mar in tydlik ûnderkommen, mar de kommende jierren wurdt socht nei in definitive lokaasje.
Bommewerper út Twadde Wrâldoarloch hat nij ûnderdak
De tentoanstelde Lancaster wie ien fan de 251 bommewerpers dy't yn de nacht fan 4 op 5 septimber 1942 út Súdeast-Ingelân wei op misje nei Dútslân gienen. It doel: fleantúchfabriken yn Bremen bombardearje.
De sân bemanningsleden fan de Lancaster R5682 soene har misje lykwols net folbringe, want se waarden al boppe de Fryske Waadeilannen rekke troch ôfwargeskut.

Crash by Warten

Piloat Peter Joslin besocht it fleantúch lang genôch yn de loft te hâlden om syn crewleden de kâns te jaan om harsels te rêden mei help fan parasjuten.
Fiif fan de sân fleaners koene de sprong meitsje, ien fan harren kaam dêrby om it libben. It fleantúch stoarte úteinlik del yn De Alde Feanen. Joslin moast syn aksje mei de dea bekeapje.
Skutter Francis Cooper waard nei de crash fermist. Hy siet hielendal efteryn it fleantúch, en waard by it delgean fan de bommewerper net mear sjoen troch syn maten.
Sturtskutter Francis Cooper, nei wa't yn 2017 noch socht is
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Yn 2017 hat de gemeente Ljouwert, yn oparbeidzjen mei definsje, noch besocht om it stoflik oerskot fan de 29-jierrige fleaner werom te finen, mar hy waard net oantroffen. Mooglik is Cooper al op in earder momint út it fleantúch sprongen en dêrby om it libben kaam.
By de syktocht nei Cooper binne ek wer ûnderdielen fan it fleantúch boppe de grûn kaam.
Dy ûnderdielen, en de ferhalen fan de fleaners, binne sammele yn 'Geraakt!', de tentoanstelling dy't sûnt 2018 te sjen wie yn it besikerssintrum fan De Alde Feanen.
In ûnderdiel fan de delstoarten Lancaster
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Mar mei de ferkeap fan it besikerssintrum kaam de tentoanstelling yn opslach te stean. Dat woene sawol de provinsje as it Nasjonaal Park net, seit Dirk Blom, dy't oan beide ferbûn is.
"Dizze crash hat it gebiet markearre yn it ferline. Der binne in soad ferhalen hjir, oer it delstoarten fan dizze flecht. Dus wy seine: dit moatte wy fertellen en trochjaan bliuwe, oan sawol besikers as bern."

Weriepening

By de weriepening fan de útstalling wie tongersdei opnij de pakesizzer fan piloat Peter Joslin oanwêzich. Hy fynt it wichtich om by it momint te wêzen, benammen omdat de útstalling in direkte ferbining is mei syn pake.
Pakesizzer Peter Joslin by it nije ûnderkommen fan de útstalling
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
"Ik kin dielen fan it fleantúch oanreitsje dêr't myn pake yn flein hat", seit Joslin. "It is altyd in emosjoneel momint, benammen ek om't iksels ek piloat wurden bin."
Dêrnjonken fynt Joslin it wichtich dat it ferhaal fan syn pake bewarre bliuwt en ferteld wurdt. De útstalling is fan no ôf te sjen njonken it Skûtsjemuseum yn Earnewâld.
It Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert is dwaande mei in grutte eksposysje oer de loftoarloch boppe Fryslân. Takom jier, as Fryslân 80 jier frijheid fiert, moat de tentoanstelling te sjen wêze.
It sil it ferhaal fertelle fan de fûle striid dy't him boppe ús provinsje ôfspile hat. Op ferskate Fryske tsjerkhôven lizze mear as 700 grêven fan sneuvele fleaners.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.