Omrop Fryslân

Bouwina Meindertsma die as iennige frou by de KP mei oan wapene oerfallen

Bouwina Meindertsma
© Eigen foto
Har namme komt miskien net yn de skiednisboeken foar as in fersetsikoan, mar komselden hawwe der drystmoediger fersetsfroulju west as Bouwina Meindertsma.
Se waard berne op 14 desimber 1901 yn Wytmarsum en groeide op yn in húshâlding fan acht bern dêr't sy de foarlêste fan wie. Har heit wie grifformeard dûmny yn Wytsmarsum en letter yn De Like.
Op al wat âldere leeftiid folge se in oplieding yn Grins by it akademysk sikehûs en helle it diploma 'Ziekenverpleging A'. In pear jier letter waard se beneamd ta wykferpleechster yn it rayon Arum-Achlum-Kimswert.
Yn it radioprogramma Buro de Vries, sneins fan 11.00-13.00 oere, fertelt skriuwer Hessel de Walle dizze april moanne oer it libben fan Fryske fersetsfroulju.
Hy sketst dêrby net allinne wat de froulju foar it ferset dien ha, mar fertelt ek oer harren achtergrûn en driuwfearren. De Walle skreau der in boek oer: Vrouwen van het Friese verzet. It ferhaal fan Hessel de Walle oer Bouwina Meindertsma is ek publisearre as podcast.
Bouwina kaam te wenjen yn Arum yn it gebou fan it Griene Krús en folge njonken har wurk meardere stúdzjes. It earste jier die se alles op 'e fyts en letter op de motor, wat bysûnder wie yn dy tiid.

Frou achter it stjoer

Noch wer letter die se de húsbesiten yn in auto, in Ford. In frou achter it stjoer wie yn dy jierren in grutte bysûnderheid, mar Bouwina draaide har hân der net foar om.
Der siet gjin manljusfleis oan Bouwina. Se bleau har libben lang trou oan har freondinne Klaaske Elgersma.
Yn dy tiid wie it net gewoan dat twa froulju in leafdesrelaasjes hiene en se rûnen der ek net mei te keap, mar it wie foar eltsenien dúdlik dat se byinoar hearden.
Bouwina Meindertsma en Klaaske Elgersma by har auto
© Eigen foto
Foar in aventoerlik ynstelde frou as Bouwina wie it fanselssprekkend om har yn te setten foar it ferset.
As froulike KP'er naam se diel oan inkele wapene aksjes. 'KP' stiet foar knokploech, it wie it wapene ferset. Foar safier bekend wie Bouwina de iennige frou yn Fryslân dy't dat die.

Underdûkhelp

Al betiid yn 1943 wurke se yntinsyf gear mei dûmny Lourens Touwen fan Makkum, dy't de lieding hie fan de LO (Landelijke Organisatie van Onderduikers) fan Wûnderseradiel.
It slagge harren om meardere Joaden ûnderdûkplak te jaan. Dat Bouwina in auto hie, wie wichtich foar de KP. Want sy hiene in grutte auto nedich foar oerfallen op distribúsjekantoaren.
De Ford fan Douwina wie te lyts, mar se wisten dat der in grutte auto parkearre stie fan in boer dy't it mei de Dútsers hold. Dy stie yn in garaazje dy't nea brûkt waard.

Auto stelle

Op in nacht yn 1943 helle Bouwina de auto op: mei in sleepkabel achter har eigen auto soarge se derfoar dat de auto stellen waard.
Jierren letter fertelden KP-manlju fol bewûndering oer dizze aksje, dêr't wol út bliken die dat se foar de duvel net benaud wie.

Kreak Burgum

In oar opmerklik ferhaal is dat fan de oerfal op it distribúsjekantoar yn Burgum, dêr't twa auto's foar nedich wiene: de troch Bouwina stellen auto én har eigen.
Omdat Bouwina har eigen auto net oan in oar tafertroude, die se sels aktyf mei oan de oerfal. In pistoal lei njonken har op de stoel.
Mar de kreak mislearre en Bouwina ferdwûn út byld by de KP. Dat hie ek te krijen mei in ynfal by de KP yn Snits, dy't dêrtroch útinoar spatte. Bouwina bleau wol belutsen by it wurk foar de LO.

Underdûkers by it Griene Krús

Sa ferburch se geregeld ûnderdûkers yn it kantoar fan it Griene Krús yn Arum. By hússikingen sloegen de Dútsers it Griene Krúsgebou altyd oer en dêr makke Bouwina tankber misbrûk fan.
Yn datselde gebou liet se ek geregeld koeriersters sliepe. Tsjin de Dútsers sei se dan dat it kollega-ferpleechsters wiene dy't ûnderweis wiene nei ferwûne soldaten.

Konsintraasjekamp

Har freondinne Klaaske Elgersma waard oppakt en nei konsintraasjekamp Ravensbrück stjoerd. Se oerlibbe it kamp en waard nei de befrijing troch it Sweedske Reade Krús earst nei Malmö en letter nei Gothenburg stjoerd, om oan te sterkjen.
Werom yn Nederlân gie se nei Grins en wenne dêr op in keamer.

Yn ien hûs mei har freondinne

Yn 1956 ferhuze Bouwina ek nei Grins omdat se dêr direktrise wurde koe fan in nij, frijmakke grifformeard ferpleechhûs. Echt tegearre wenje koe net, mar se wennen wol yn ien hûs, mei elk in eigen keamer.
It grêf fan Bouwina Meindertsma en har freondinne Klaaske Elgersma
© online-begraafplaatsen.nl
Nei har ferbliuw yn it konsintraasjekamp hie Klaaske te lijen fan in swakke sûnens. Se ferstoar doe't se 56 jier wie.
Bouwina gie mei betiid pensjoen en ferhuze dêrnei nei Apeldoorn. Dêr ferstoar se op 91-jierrige leeftiid.
Yn Apeldoorn waard ek de ôfskiedstsjinst holden, mar se waard begroeven yn Grins, yn itselde grêf as Klaaske. In grutte died yn ûnderwilens feroare tiden.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.