Omrop Fryslân

Ljouwert krijt earste stroffelstiennen: "Hiermee zeggen we 'nee' tegen discriminatie"

De pleatsing fan seis stroffelstiennen yn Ljouwert
© Omrop Fryslân
De earste seis stroffelstiennen fan Ljouwert binne fan 'e middei pleatst yn de Joadske wyk. Se binne foar it âlderlik hûs fan de 97-jierrige Benno Troostwijk lein. Syn heit en âldste sus kamen om yn in konsintraasjekamp.
"Met het leggen van deze stenen worden zij nooit vergeten", seit Troostwijk. De stiennen wurde net allinnich foar syn heit en sus lein, mar ek foar syn mem, broer, syn twillingsus en himsels.
Stroffelstiennen binne fjouwerkante stiennen mei in koperen plaatsje, dêr't nammen fan slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch op stean. De stiennen wurde by Joadske wenningen fan eartiids lein om stil te stean by de bewenners fan doe.
Earste stroffelstien fan Ljouwert lein
De pleatsing fan de seis stiennen is de offisjele start fan it stroffelstienneprojekt yn Ljouwert fan de Stichting Behoud Joods Erfgoed Friesland. Ljouwert hat wol betinktegels mei nammen, mar oant no ta noch gjin offisjele stroffelstiennen.
De stichting wol dêr feroaring yn bringe en de kommende jierren noch sa'n 700 stiennen dellizze yn de stêd op hast 200 adressen.
Benno Troostwijk
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Om de kâns op antysemityske ynsidinten te beheinen, hat de gemeente Ljouwert yn it foar gjin omtinken jûn oan de ûntbleating fan de earste seis stroffelstiennen.
De seremoanje, mei sprekkers as boargemaster Sybrand Buma, opperrabyn Binyomin Jacobs en kommissaris fan de Kening Arno Brok, waard holden op de binnenpleats fan it Natuurmuseum Museum. Fanwegen de rein koene de speeches net bûten plakfine.
Dat de ûntbleating hjoed plakfynt, is gjin tafal: op 15 april 1945 rieden de earste Kanadeeske militêren oer de Grinzerstrjitwei Ljouwert binnen. Dat wurdt sjoen as it begjin fan de befrijing fan Fryslân fan de Dútske besetter.
De opperrabyn griep syn speech oan om him út te sprekken tsjin antysemitisme. "Er moet over gesproken worden, maar spreken is vaak niet voldoende", sei Jacobs. "Er moet worden opgetreden tegen antisemitisme. Uitgescholden worden is gewoon geworden."

'Lyts groepke'

Hy wol dat der aksje ûndernaam wurdt tsjin it "kleine groepje dat chanteert, angst zaait en ervoor zorgt dat de meute - net als toen - een andere kant op kan gaan".
De stroffelstiennen binne "een teken van het leven dat ooit op deze plaats was", sei Buma yn syn taspraak. "Leven dat wreed is afgebroken."
Met deze stenen zeggen we 'nee' tegen discriminatie, uitsluiting en vervolging.
Boargemaster Sybrand Buma
De boargemaster ferwiisde ek nei de hjoeddeiske situaasje. "Hoe moeten we voorkomen dat dit ooit nog gebeurt in een wereld vol oorlog en geweld?", frege er. "Met deze stenen kunnen we als Leeuwarden zulke vragen stellen en 'nee' zeggen tegen discriminatie, uitsluiting en vervolging."
"Ik ben blij dat wij, samen met de stichting, over kunnen gaan tot het plaatsen van de struikelstenen."

Goed 150 stroffelstiennen yn de provinsje

Op ferskate oare plakken yn Fryslân lizze al stroffelstiennen, yn totaal sa'n 150. De stiennen hjitte sa, omdatst 'deroer stroffelest mei dyn holle en hert, en omdatst bûge moatst om se lêze te kinnen'.
Alexander Stukenberg makket de Nederlânske stroffelstiennen
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De Dútske keunstner Gunter Demnig is de betinker fan de stroffelstiennen, de saneamde Stolpersteine. Healwei de njoggentiger jierren pleatste hy yn Dútslân de earste stiennen.
Yntusken wurde de stiennen foar Nederlân yn Amsterdam makke troch Alexander Stukenberg. Hy hat syn atelier yn de achtertún fan it Goethe-ynstitút, in ynstelling foar de Dútske taal.
Dêr makke Stukenberg ek de earste stiennen foar Ljouwert, wêrûnder de stien foar Benno Troostwijk:
Alexander Stukenberg makket stroffelstiennen

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.