Omrop Fryslân

80 jier befrijing stiet faai as provinsje net ta de bûse wol foar de fiering

Feteraan Jim Parks by de befrijingsdeifeesten ferline jier
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
As de provinsje net gau mei jild komt, stiet in grutte fiering fan 80 jier befrijing faai. De organisaasje hat allerhanne projekten betocht, mar der is noch gjin wite reek út it provinsjehûs.
It soe takom jier in grut feest wurde moatte, as it eksakt 80 jier lyn is dat ús provinsje troch de Kanadezen befrijd waard. Gewoanwei wurdt der yn sa'n jubileumjier útpakt mei eveneminten en betinkingen.
No al hielendal, om't de fiering fan 75 jier frijheid troch corona hast folslein yn it wetter fallen is.
It frijheidsfjoer
© ANP
Grutte fieringen en betinkingen kostje jild en in part dêrfan soe by de provinsje wei komme moatte. Mar dat keallet swier, seit Kees Terwisscha van Scheltinga fan de organisaasje.

Fûnsen sjogge ek nei de provinsje

"We hebben een aantal fondsen bereid gevonden om flink in de plannen te investeren, maar de provincie Fryslân blijft achterwege", leit Terwisscha van Scheltinga út. "Ze hebben nog niet toegezegd en ze hebben ook geen beleid."
Dit betsjut dat der gjin jild reservearre is foar de befrijingsfeesten en betinkingen.
De provinsje lit yn in reaksje witte dat it de betinking fan 80 jier frijheid "tige wichtich" fynt. De provinsje hat sels ek plannen en seit yn oerlis te wêzen mei de oare plannemakkers. Oer sinterij soe noch neat besletten wêze.
"Wy ha in petear hân en sille in twadde pertear hawwe mei dizze groep", lit in wurdfierder fan de provinsje witte. "Der is noch net besletten dat se gjin jild krije. It stiet net op de begrutting, mar der sil socht wurde nei dekking. Wy wolle earst ris sjen: wat wolle we?"
Gjin jild fan de provinsje soe in flinke tebeksetter wêze foar plannen, benammen om't fûnsen en oare jildsjitters meast it foarbyld folgje fan de provinsje, seit Terwisscha van Scheltinga.
"Als je een goede basis hebt vanuit de provincie, dan werken de fondsen veel makkelijker mee. Je hebt dan een goede basis, en dan komt de cofinanciering vanuit fondsen en particulieren sneller op gang."
In eardere Befrijingsdei yn Fryslân
© Omrop Fryslân
It programma foar 80 jier befrijing moat takom jier jannewaris úteinsette mei de ynternasjonale betinking fan de Holocaust. Ek yn Fryslân wurdt dêrby stilstien. Dêrnei binne benammen de moannen april en maaie wichtich yn de Fryske befrijing.

Plannen genôch

Hoewol't it noch hast in jier duorret foar't it programma los giet, binne ferskate organisaasjes no al drok dwaande mei plannen. Tongersdei wie dêrfoar in ynspiraasjegearkomste.
Publyk op it Bevrijdingsfestival Fryslân yn Ljouwert
© Lucas Kemper
Der wurdt ûnder oare wurke oan teäterfoarstellingen, ûnderwiisprogramma's mei bern en âlderein, en in útwreiding fan de stroffelstiennen yn Fryslân. Ek moat in grut part fan de brêgen yn ús provinsje opkreaze wurde mei lokale oarlochsferhalen en -helden.

Snije yn it programma

De organisaasje hopet dat de provinsje noch oer de brêge komt. Se wize ek op de provinsje Drinte, in ferlykbere provinsje, dy't al wol 500.000 euro tasein hat foar 2025.
In befrijingsfeest
© ANP
Yn april is der wer oerlis en wurdt der praat oer de finânsjes. As dat neat opsmyt, moat der snien wurde yn it programma, warskôget Terwisscha van Scheltinga.
"We zullen dan ongetwijfeld moeten snijden. Dan wordt het allemaal wat magerder."
Dat soe de organisator skande fine. "Het is eens in de vijf jaar, dan heb je echt een lustrumjaar, dan pak je uit en daar moet je als provincie bij zijn."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.