Fan legerweinen oant betinkstientsjes: dit wie Befrijingsdei yn Fryslân

De 98-jierrige feteraan Jim Parks (links) © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Fan it oanstekken fan it befrijingsfjoer oant feestfiere mei feteranen en genietsje fan muzyk. Sa belibbe Fryslân hjoed befrijingsdei.
It befrijingsfjoer is middernacht ophelle yn Wageningen. Yn dy stêd kapitulearren op 5 maaie 1945 de Dútske besetters. Dravend brocht in groep fanatikelingen it fjoer nei Ljouwert.
In bysûndere taak, fynt koördinator Hanneke Waterman. "Zeker nu met wat er om ons heen gebeurt, is het heel bijzonder dat we dat in vrijheid kunnen doen."
Dick Henkes draafde jierren mei, mar is no sjauffeur foar de dravers. "Hardlopen is onze hobby. Het is onze uitdaging om het vuur zo snel mogelijk naar Leeuwarden te krijgen."
De dravers fûnen it bysûnder om it fjoer nei Ljouwert te bringen © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Op ferskate plakken by de rûte del lizze de dravers stientsjes. "Dat is een Joodse traditie", fertelt Henkes. "Die legden bij de graven allemaal een steentje neer om te herdenken. Dat doen wij ook bij monumenten waar iets gebeurd is, ter nagedachtenis aan de overledenen."
De groep hie te krijen mei flinke reinbuien en tonger, mar dat die neat ôf oan de sfear, fertelt draver Hanny Algra nei de tiid. "It giet noait perfekt. Wy komme altyd foar útdagingen te stean, mar dat is ek it moaie fan de nacht. It hat in fantastyske nacht west."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Yn Aldegea yn Sudwest-Fryslân stienen de 'beskútsjes' al betiid klear De jongerein fan it doarp út de earste en twadde klasse fan de middelbere skoalle hienen al foar tsien oere de slachrjemmespuit yn de hannen en de moffen oan. Yn it ramt fan it projekt Net Ferjitte! waard der 'befrijingsgebak' útdield oan wa't mar hawwe woe.

Skrokken

It projekt is opset nei oanlieding fan it nijs dat jongelju net mear in soad kennis fan de Twadde Wrâldoarloch lykje te hawwen. "Dêr binne wy fan skrokken", seit Meiny Altena, ien fan de organisatoaren.
Yn Aldegea wie der spesjaal befrijingsgebak foar wa't dêr nocht oan hie
Dêrom hat MFC It Joo mei de jongerein in oantal saken organisearre. Op 4 maaie droegen sy in gedicht foar dat makke wie mei in spoken word artyst en hjoed fersoargen sy it doarp mei de taartsjes. Op 6 maaie sil de groep nei it Anne Frankhûs. Fan de provinsje hat it MFC 2.800 euro krigen om it projekt út te fieren.
Op it gersfjild midden yn Aldegea wie it hjoed drok. In oar doel fan de aktiviteit wie de âldere en jongere groepen ynwenners byinoar te bringen.
De jongelju hawwe yn alle gefallen wol wat leard oer de oarloch troch dit projekt. "Ja, ik wit no echt mear oer de treinsabotaazje en de oarloch", seit Berber. "No kinne wy it betinken ek wer trochjaan", follet Fardau oan.
Jongerein yn Aldegea meitsje befrijingsgebak © Omrop Fryslân
Flak foar ien oere begûn yn Ljouwert it befrijingsfestival mei it ûntstekken fan it befrijingsfjoer op it Aldehoustertsjerkhôf. De dei sette mei sinneskynwaar útein, mar letter yn de middei begûn it te reinen, al gie it needwaar oan Ljouwert foarby.
Besikers kinne noch de hiele dei fan muzyk genietsje, mar der wie ek gelegenheid om te praten mei oarlochsfeteranen. Ek de âlde legerweinen fan Keep them Rolling koene besjoen wurde.