Omrop Fryslân

Harnzers koesterje stroffelstiennen: "We mutte wete dat ut heel snel verkeerd gaan kin"

© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De koperen stroffelstiennen yn Harns ta oantinken oan de omkommen joadske ynwenners wurde alle jierrren foar 4 maaie wer blinkend oppoetst. Der is ek in rûnlieding mooglik by de oantinkens del.
De stroffelstiennen yn Harns kamen der yn 2012 op inisjatyf fan de Stichting Oud Harlingen. Se wiene op it idee brocht troch ien dy't se yn Hamburg sjoen hie. De stichting socht sponsoaren en dat gong fuortendaliks dat it slydjaget. Yn in moanne tiid hiene se mear as it jild dat nedich wie, en koene se oan de slach.

Libbensferhalen

Yn de simmer fan 2012 koene de stroffelstiennen lein wurde en kaam der ek in boekje út. Anneke Visser, Hans Burkels, Chris Elsinga en Willem Visser krigen it foarinoar om allerhanne ynformaasje te garjen en koarte libbensferhalen te skriuwen.
Der binne Harnzers dy't mei eigen eagen sjoen hawwe wat der barde mei de joadske stedsgenoaten. Foar guon wie dat in emosjoneel barren. Se fielden harren skuldich, en dat wylst se sels bern wiene yn dy tiid.

Nammen krije in gesicht

Foar de skriuwers kamen de 45 joadske minsken wer ta libben. "As je der dan daadwerkelijk met begint en namen krije gesichten, dan wurdt ut wel anders."
Buro de Vries praat mei twa neibesteanden: Leo Leijdesdorff, soan fan de iennige joad út Harns dy't de Holocaust oerlibbe, en mei Arjen Miedema. Syn beppe oerlibbe it ek, mar de rest fan de famylje waard fermoarde.
Simon Leijdesdorff oerlibbe de oarloch, omdat er troud wie mei in net-joadske frou, Nel. Se moasten út Harns wei fan de Dútsers.
Simon en Nel krigen yn 1938 in jonkje, Leo. Hy komt noch alle jierren nei Harns om de oarloch te betinken. Hy hat net folle fan syn heit en mem heard oer wat sy meimakke hawwe.

Prate is dreech

Leo Leijdesdorff waard berne yn Harns, mar groeide op yn Amsterdam. Mem Nel hat heit Simon twa kear fan deportaasje rêden, en se die ek oar fersetswurk. Dêrfoar krige se yn 1984 de Yad Vashem-ûnderskieding. Se fertelde net in soad oer har ferline.
Heit Simon hie it ek hiel dreech. Fan de Dútsers moast er sterilisearre wurde om't er in joad wie. Trauma's waarden oprûn, mar dêroer fertelle diene se eins net. "De oorlog is afgelopen. We gaan verder en praten nergens meer over. De schouders eronder en weer aan de gang." Dat wie it devys fan Simon en Nel.
Dat mensen bukken om de namen te lezen en erbij stil te staan, is heel belangrijk.
Leo Leijdesdorff oer de stroffelstiennen
Nei de oarloch kamen Nel en Simon noch in soad yn Harns. Soan Leo is no noch alle jierren op 4 maaie yn de Fryske havenstêd. Dat de stroffelstiennen der binne, fynt er tige wichtich. "Dat mensen bukken om de namen te lezen en erbij stil te staan, is heel belangrijk."
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Arjen Miedema is in neikommeling fan de famylje Boas. De húshâlding Boas wenne op de Grote Ossenmarkt yn Harns. Gabriël, Dina en soan Jozeph waarden deportearre en fermoarde. De suster fan Gabriël troude mei in net-joad. Sy oerlibbe de oarloch.
Arjen is har beppesizzer. As bern krige er net in soad mei fan it drama dat de famylje yn de oarloch oerkaam is. De hiele famylje wie útmoarde, mar lykas by de famylje Leijesdorff waard der amper oer praat.
Arjen fertelt: "Wij hadden ooms en tantes bij wie we op visite gingen. Die noemden we oom en tante, maar het was geen familie. Het waren lotgenoten die ook alle familie kwijtgeraakt waren."
Niet wetende dat ze misschien een jaar later zouden eindigen in een vernietigingskamp.
It rekket Arjen Miedema as er de foto's yn it album fan syn mem besjocht
Koartlyn is Arjen syn mem ferstoarn en hy hat no har fotoboeken. Dêryn stean in soad foto's fan de famylje en ek fan oare famyljes dy't deportearre binne. It jout in byld fan minsken dy't in goed libben hiene, troufoto's famyljefoto's, poppefoto's. "Niet wetende dat ze misschien een jaar later zouden eindigen in een vernietigingskamp." Dat rekket Miedema.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De stroffelstiennen wurde yn de rin fan de tiid doffer troch it waar. Mar alle jierren foar 4 maaie giet in ploech frijwilligers op 'en paad om se wer op te poetsen. Dan glimme se wer as nij. Foar Ieske fan Nico fan Pietsje en Sakkie en al dy oaren. Ek jout de groep stedskuiers oan skoalbern en oan oaren oer de oarloch en de joadske mienskip yn Harns.
"We houwe ut levend. We mutte wete dat ut heel snel verkeerd gaan kin. Kiek mar naar Oekraïne."
© Omrop Fryslân
Harkje hjir nei de stedskuier en it neiteam fan Joadske bewenners yn Harns
De kommende wiken is der by Omrop Fryslân in soad omtinken oan stroffelstiennen yn Fryslân. Wy fertelle oer de libbens fan 45 joadske minsken yn Harns. De portretten binne te sjen yn Fryslân Hjoed en op ynternet.
Stroffelstiennen is in projekt fan de Dútske keunstner Gunter Demnig.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.