Omrop Fryslân

Wol fermoeden fan, mar gjin bewiis foar drugshannel mei ûnderwetterscooter yn Harns

De haven fan Harns
© Shutterstock.com (T.W. van Urk)
Alles wiist op drugshannel, mar de plysje kin it net bewize. En dus komt der gjin strafrjochtlik ûndersyk nei de fertochte situaasje mei in ûnderwetterscooter yn de haven fan Harns, ôfrûne 15 jannewaris.
Op kamerabylden is te sjen dat dy moandeitejûn twa persoanen mei in ûnderwetterscooter nei it wetter ta rûnen, ien fan de twa yn in dûkpak. In skoftlang is der op de kamerabylden neat fertochts te sjen, mar letter komt ien fan de twa werom mei in pakketsje.
De handelingen die we op beeld hebben staan, komen overeen met een werkwijze die elders gebruik wordt bij drugssmokkel.
Plysje
Twa dagen letter waard in ûnderwetterscooter fûn yn de haven fan Harns. Dy is yn beslach naam en dêrnei socht de plysje nei tsjûgen en ekstra byldmateriaal.
No, trije moannen letter, hat de plysje it fermoeden dat it giet om in ynsidint dat in relaasje hat mei drugs. "De handelingen die we op beeld hebben staan, komen overeen met een werkwijze die elders gebruik wordt bij drugssmokkel", skriuwt de plysje.
Sa wurket de ûnderwetterscooter:
Beropsdûker René Groot oer de ûnderwetterscooter
Mar omdat op de bylden net te sjen is wat der krekt yn it pakketsje siet, falt net te bewizen dat it om drugs giet. Neffens de plysje is der wol "interessante informatie" boppe tafel kaam, mar der binne gjin strafrjochtlike feiten konstatearre.
Dêrom ha de plysje en it Iepenbier Ministearje besletten om it ûndersyk te sluten en gjinien te ferfolgjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.