Omrop Fryslân

Jeugdhulp Fryslân hat 5 miljoen nedich foar kontinuïteit en sil minder soarch leverje

Jeugdhulp Fryslân yn Ljouwert
© Google Street View
Jeugdsoarchorganisaasje Jeugdhulp Fryslân hat fiif miljoen euro nedich foar in kontinuïteitsplan en sil tenei minder soarch leverje. Dat hat de gemeente Ljouwert tiisdei bekend makke.
De ôfrûne jierren is struktureel tefolle jild útjûn by Jeugdhulp Fryslân. Sa waard yn oktober dúdlik dat der in tekoart wie fan 2,5 miljoen euro op in omset fan 50 miljoen. De oarsaak is ûnder oare in heech syktefersom, ynhier fan ekstern personiel.
De organisaasje is oanbieder fan spesjalistyske jeugdsoarch en docht dit foar goed 2500 bern en famyljes. Jeugdhulp Fryslân fersoarget dêrmei foar goed tsien prosint fan de jeugdhelp yn Fryslân.
"Nu Jeugdhulp Friesland financiële problemen heeft, is het van groot belang dat we de zorg, waar deze jeugdigen recht op hebben, blijven borgen. Dat is de grootste prioriteit", seit wethâlder Nathalie Kramers.
Woodbrookers yn Koartehimmen
© Omrop Fryslân
Dit wol Jeugdhulp Fryslân dwaan troch him foaral te rjochtsjen op 'saken dêr't se goed yn binne' en dy't de organisaasje ekonomysk sûn meitsje. Dat betsjut dat de lokaasje op Koartehimmen (foarhinne it behannelsintrum Woodbrookers) net mear brûkt wurde sil.

Net rendabel

De lokaasje kostet in hiel soad jild om't it bedoeld is foar 64 bern, wylst der no mar oan maksimaal acht bern soarch jûn wurdt.
Jeugdhulp Fryslân hat ferline jier ek alris melden it foarnimmen te hawwen de lokaasje op Koartehimmen te sluten. Mar doe't direkteur Johan Krul opstapte nei berjochten oer pineprikkels en it isolearjen fan bern yn de lokaasje, woe de nije ynterim-direkteur Hans du Prie wol mei de lokaasje fierder. Dan wol yn in oare foarm, mei oare behannelingen.

Lytsskalige wenfoarsjennings

Mar no falt it doek dus dochs foar de lokaasje yn Koartehimmen. Dy giet op syn op syn letst op 1 juny ticht, seit de direksje fan Jeugdhulp Fryslân. Foar de jongeren dy't dêr sitte, wurdt in oar plak socht.
Yn de JeugdzorgPlus, foar jongeren mei slimme ûntwikkelings- en gedrachsproblemen, wurdt wurke nei lytsskalige wenfoarsjennings. "Waar er goede behandeling is en goed perspectief en onderwijs voor jeugdigen", seit Kramers. "Jeugdhulp Fryslân gaat kijken wat voor hen de goede vorm is. Daar zijn ze nog niet uit."
Wethâlder Nathalie Kramers fan Ljouwert
© Gemeente Leeuwarden
Neist it ferminderjen fan soarch hat Jeugdhulp Fryslân op koarte termyn ek fiif miljoen euro nedich. Dit wolle se krije fia in liening fan it Ministerie van Volksgezondheid, Welzijn en Sport en in foarskot fan de Fryske gemeentes fan 2,5 miljoen. En dat wylst Ljouwert al in tekoart hat fan hast 11 miljoen op jeugdsoarch.
De gemeente Ljouwert sil no gjin ekstra jild jaan. "Dat kan alleen als het een onderbouwde steunaanvraag is, want wij mogen als gemeente niet zomaar geld geven aan een jeugdhulpaanbieder", seit Kramers.
"Wij kijken ook naar het Rijk voor geld, want zij vinden de om- en afbouw van de gesloten jeugdzorg ook belangrijk. En dan kijken we als gemeente of er op termijn nog steun moet worden verleend."
Yn febrewaris makke Jeugdhulp Fryslân al bekend dat der 50 banen ferdwine. Der wurdt yn earste ynstânsje sjoen nei tydlike kontrakten. Twongen ûntslaggen binne foarearst net oan de oarder mar wurde net útsletten.
De jongeren dy't no noch soarch krije by Jeugdhulp Fryslân en harren âlden binne tiisdei ynformearre oer it beslút. Foar de jongeren feroaret der op it stuit neat. "Op een aantal onderdelen weten we het nog niet zeker, maar een groot deel van de zorg blijft op lange termijn gewaarborgd. Als er nog iets verandert, zal dat in goede overdracht gebeuren."

Noch gjin oplossing

Dat der no knopen trochhakke binne, betsjut net dat de problemen oplost binne. "Het is belangrijk dat we met alle 18 gemeenten achter één continuïteitsplan staan. En er is transparantie nodig vanuit Jeugdhulp Fryslân. Dan ben je nog niet bij de uitkomst, maar het geeft wel vertrouwen dat je er samen voor staat."
Ynterim-bestjoerder Hans du Prie beskôget it kontinuïteitsplan fan de Fryske gemeenten as in 'nije start' foar Jeugdhulp Fryslân. "De basis voor een mooie toekomst is gelegd, maar er ligt een uitvoeringsagenda die het nodige van ons vraagt."
Hans du Prie, ynterim-bestjoerder by Jeugdhulp Fryslân
© Omrop Fryslân
Jeugdhulp Friesland wol him fierder talizze op 'yntinsive ambulante' soarch, sadat minder jongeren út hûs pleatst wurde hoege. "De paar jongeren die nog in Kortehemmen zitten zullen we een adequate vervolgsituatie bieden."
Meiwurkers dy't mei wolle yn de nije wurkwize fan Jeugdhulp Friesland kinne der wurkjen bliuwe, fan meiwurkers dy't dat net kinne of wolle sil Jeugdhulp ôfskie nimme, "Maar natuurlijk wel netjes en zorgvuldig", sa seit du Prie.
Foar de wat langere termyn stribbet Jeugdhulp Friesland nei koartere helpferlieningstrajekten, seit Du Prie. Help sil koarter duorje, mar wol yntinsyf wêze, sadat ek jongeren mei earnstige problemen safolle mooglik thús wenjen bliuwe kinne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.