Sletten jeugdsoarch mooglik bûten Fryslân nei ein Woodbrookers

Jeugdsoarch © Shutterstock.com

Takom jier bliuwe der tolve plakken beskiber foar sletten jeugdsoarch foar Fryske bern, mar dy plakken kinne ek bûten de provinsje wêze. Dat stiet yn in brief fan it kolleezje fan Ljouwert oan de gemeenterie.

Der wie ûndúdlikheid oer, omdat Jeugdhulp Fryslân begjin oktober bekend makke dat de iennige lokaasje fan sletten jeugdsoarch yn Fryslân tichtgean soe.

It giet om de lokaasje Woodbrookers yn Koartehimmen. Dy giet fan 1 july 2024 ôf ticht, omdat der is twivel oer de kwaliteit fan de soarch.

Sletten jeugdsoarch is foar bern fan tolve oant achttjin jier, dy't in gefaar foar harsels of de omjouwing binne. Dy komme te wenjen op in lokaasje dêr't se net samar wei meie.

Woodbrookers yn Koartehimmen © Omrop Fryslân

It kabinet wol dizze foarm fan jeugdsoarch ôfbouwe. It is de bedoeling dat der yn 2030 hielendal gjin sletten jeugdsoarch mear is yn Nederlân, omdat jongeren dy't út de sletten jeugdsoarch komme faak traumatisearre binne.

Dochs stiet yn de brief dat op dit stuit foar in lytse groep Fryske bern de sletten soarch nedich is.

Bûten de provinsje

De eksakte lokaasje fan de tolve plakken is noch net dúdlik. In plak bûten de provinsje wurdt net útsletten, stiet yn de brief. "We blijven overleggen met andere aanbieders en met de jeugdhulpregio's Groningen en Drenthe, ook over de mogelijkheid van gezamenlijke inkoop en contractering."

Iepen soarch

Troch it sluten fan Woodbrookers moatte der net allinne nije plakken komme foar bern yn de sletten jeugdsoarch, mar ek foar bern dy't yn 'iepen' foarm spesjalistyske soarch nedich ha.

Op fiif plakken wurdt no lytsskalige wenromte realisearre foar yn totaal 28 fan sokke bern, mar yn de brief fan it kolleezje stiet dat dit noch hieltyd te min is. Dat hat mei de kosten te krijen.

Trochdat dit om lytsskalige opfang giet, lizze de kosten fan ien plak in stik heger, omdat der yn totaal mear personiel nedich is.

Jeugdhulp Fryslân yn finansieel swier waar

Jeugdhulp Fryslân hat it finansjeel swier. De organisaasje hat al in pear jier te krijen mei reade sifers. Dit blykt út in ûndersyk nei de bedriuwsfiering fan Jeugdhulp Fryslân en de jierrekken fan 2022, dy't juster iepenbier makke waard.

De lokaasje Woodbrookers wurdt ek neamd as in grutte kostepost. Yn de lokaasje is romte foar 64 bern, mar der binne op dit stuit mar acht. Dit soarget derfoar dat de kostpriis op dat plak eksplosyf tanaam is.