Woodbrookers giet earder ticht: ein oan in rûzich jier foar Jeugdhulp Fryslân

Behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen
Behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen © ProNews
It soarchsintrum Woodbrookers giet earder ticht, as it oan de nije bestjoerder Hans du Prie leit. Fan heal jannewaris ôf moat der in ein komme oan de behannelings sa't dy dêr no dien wurde.
It sluten fan Woodbrookers stie al op de planning foar juny. Du Prie wol der earder fan ôf.
"Wij willen in de tweede helft van januari met de huidige vorm van Woodbrookers stoppen. In februari willen we met de eerste behandelunit in een nieuwe vorm starten."

Oplossing foar de bern

Der moat dan wol in oplossing komme foar bern dy't der no sitte. "Dat is een voorwaarde", seit Du Prie. De nije foarm komt op de lokaasjes fan Woodbrookers yn Koartehimmen. Op termyn komt der in oare lokaasje.
In boerd by Woodbrookers
In boerd by Woodbrookers © Omrop Fryslân
Der wie ferline jier en dit jier in soad te dwaan om Woodbrookers. De ynstelling kaam yn opspraak nei ferskate berjochten oer misstannen. Bern brochten somtiden de nacht troch yn de isolearsel of waarden mei geweld of pineprikkels yn betwang hâlden.
Hans Du Prie oer syn meiwurkers: "Werken met dit soort jongeren is absolute topsport"
Du Prie is no in lytse twa moannen oan it wurk. Hy is de ferfanger fan Johan Krul, dy't opstapte nei oanlieding fan de misstannen by Woodbrookers.
De nije bestjoerder sjocht werom op in jier dat foar elkenien swier west hat. "Je bent met elkaar tekortgeschoten. Dat erkennen en herkennen is een belangrijk onderdeel. We hadden nog meer energie moeten steken in reflecteren."

Hoop op mear begryp

Du Prie fynt wol dat der mear begryp wêze moat foar it personiel. "Het is terecht dat er aandacht is voor mensen die in de knel zijn gekomen en getraumatiseerd zijn. Dat is goed. Ik hoop ook dat er aandacht is voor de professionals die soms ook getraumatiseerd zijn door deze situatie."
De medewerkers moeten er ook van bevrijd worden, zodat ze met meer rust en respect kunnen werken aan de nieuwe vormen.
Hans du Prie
As se op jierdeifeestjes binne, doare guon hast net te sizzen dat se by Woodbrookers wurkje of wurke ha, fernimt Du Prie. "Die medewerkers moeten daar ook van bevrijd worden, zodat ze met meer rust en respect kunnen werken aan de nieuwe vormen."
Hy fynt dan ek dat de soarchmeiwurkers mear kredyt fertsjinje. "Ik heb er belang bij dat misstanden boven tafel komen, zodat we naar nieuwe behandelvormen toe kunnen. Maar ik ga wel voor deze mensen staan en zou het fijn vinden dat er meer begrip voor komt."
Hans Du Prie oer hoe't hy yn de organisaasje kaam
De druk by de helpferlieners fan Jeugdhulp Fryslân leit heech, benammen no't se ûnder it fergrutglês fan justysje lizze.
"Dat komt heel hard aan", seit Du Prie. "In bepaalde situaties zijn ze handelingsverlegen geweest. Wat ook niet anders kan als je werkt met dit soort jongeren. Terwijl anderen met dit soort jongeren een stap achteruit doen, zet dit personeel een stap vooruit."

Pleisters lûke

Du Prie is foarearst oansteld foar in heal jier. Dat wurdt nei alle gedachten langer. Hy wol de organisaasje net achterlitte as der net in kapabele nije bestjoerder fûn is.
No is der noch in soad wurk te fersetten. Njonken alle feroarings yn de jeugdsoarch, moat ek besparre wurde op kosten.
Du Prie: "We sluiten ons op in dit half jaar. Dan moeten alle pleisters eraf getrokken zijn en moeten we met professionele moed weer naar de toekomst kijken."