Omrop Fryslân

Sûnt 1966 fermiste kotter mooglik weromfûn boppe Flylân

Argyffoto fan de UK 58 "Ex Mera Gratia"
© Stichting OMV
Yn 1966 ferdwûn de Urker kotter UK 58 by in needlottige fisktocht boppe Flylân. Fan de fiif bemanningsleden is nea wer wat fernaam. Mar no liket in groep speurders de kotter fûn te hawwen.
"Het is ontzettend belangrijk voor nabestaanden", seit Cees Meeldijk fan de stichting Onderzoek Maritiem Vermisten (OMV). Mei help fan moderne technology, argyfûndersyk en dûkekspedysjes spant syn stichting him yn foar it opspoaren fan sonken fiskersskippen, fermiste bemanningsleden en harren neibesteanden.
De fiskkotter UK 58 Ex Mera Gratia fan de bruorren Ras fan Urk waard yn jannewaris 1966 as fermist opjûn. It fiskersskip wie op de Noardsee boppe Flylân op tonge oan it fiskjen. De netten binne doe mooglik efter ien fan de wrakken yn see heakjen bleaun, wêrnei 't de swiere motor it skip nei alle gedachten omlutsen hat.

Tritich myl boppe Flylân

Fan it skip waard foar it lêst wat fernommen op tiisdeitemoarn 25 jannewaris 1966, sa 'n tritich myl noardwestlik fan Flylân. Skipper Jacob Ras waard op de radio heard troch in oar fiskersskip, de HD 14, doe 't er meidielde dat syn net fêstsiet. Dêrnei bleau it stil op de radio fan de UK 58.
Fiif opfarrenden kamen om: de Urkers Jacob Ras (31), syn broer Hendrik (33), Willem Foppen (43), syn 21-jierrige soan Klaas, en de 24-jierrige Jan Harmen de Groot fan Starum.
Klaas Foppen, ien fan de opfarrenden fan de UK 58
© Stichting OMV
Grutte sykaksjes boppe Teksel en Flylân, dêr't tsientallen skippen oan meidiene, leveren doe neat op. Wol fiske in Urker kotter fiif jier nei de ferdwining sa'n tritich myl noardwestlik fan Flylân in stik hout op út see, dêr 't de letters Gratia op gravearre stiene.
It wie ûnmiskenber in stik fan it nammeboerd fan de fermiste kotter. Oan de ein fan de fiskwike brocht de skipper it stik hout by Marretje Ras-Hoekman, de widdo fan de skipper fan de UK 58.

Scan fan de seeboaiem

Jierrenlang wie dit it iennichste taastber oantinken oan de fergiene kotter dy't de see priisjûn hat. In pakesizzer fan skipper Jacob Ras naam koartlyn kontakt op mei Cees Meeldijk fan de stichting OMV. "Hij benaderde mij met de vraag of we zouden willen zoeken naar de UK 58. Hij gaf ons dusdanig veel informatie dat we de zaak konden oppakken."
Meeldijk dûkte earst it Nationaal Archief yn Den Haag yn. Dêr lizze de orizjinele rapporten fan de Ried fan de Skipfeart oer fermiste en ferûngelokke skippen.
"Vanaf daar is het best wel hard gegaan. We vonden nieuwe aanwijzingen en het radiocontact dat schipper Ras met de HD 14 heeft gehad, konden we omzetten in coördinaten. Zo konden we een cirkel trekken rond de plek waar het schip waarschijnlijk is gezonken."
Kaart út it Nasjonaal Argyf
© Stichting OMV
Alde scans fan de seeboaiem út de tachtiger jierren lieten op dat plak wat sjen dat like op it fermiste skip. Mar de trochslach kaam mei de help fan it ûndersyksskip Arca fan Rykswettersteat.
"De Arca was toevallig in de buurt van de locatie en wilde voor ons wel een nieuwe scan maken. Daar zijn we Rijkswaterstaat heel dankbaar voor. Op die scan konden we duidelijk de contouren zien van een twintig meter lang kottertje. Het kan eigenlijk niet missen dat dit 'm is."

Sponsor socht

Meeldijk hâldt noch in slach om 'e earm. "Je weet het nooit zeker totdat je gaat duiken. We achten de kans wel heel groot, dus willen we een expeditie organiseren. Dat willen we rond Pinksteren doen, als het weer het toelaat."
Ferline jier gie Meeldijk mei in dûkteam út Lauwerseach boppe Skiermûntseach op syk nei it wrak fan de WR 6, dy 't sûnt 1967 fermist wurdt. Dy Wieringer kotter is noch hieltyd net fûn. It wrak op dat plak bliek fan de HD 108 te wêzen, in Helderske kotter dy 't yn july 1945 boppe Skiermûntseach sonken wie as gefolch fan in mijneksploazje.
Dûkekspedysjes kostje tiid en jild en de stichting fan Meeldijk - yn it deistich libben fiskerman en riedslid - is en bliuwt leafdewurk âld papier. Dêrom hopet er partijen yn de maritime wrâld te ynteressearjen om it wurk fan de stichting te sponsorjen.
Cees Meeldijk en Gert Overeem fan Stichting OMV
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"We hebben de afgelopen expedities uit eigen zak betaald en ook de bezoekjes aan mensen en archieven. Met een heel duikteam de zee op gaan, is allemaal niet gratis. Misschien moet er deze keer voor de veiligheid nog een extra boot mee, omdat we dicht bij de containerroute duiken. Het wordt te duur."
Neffens Meeldijk hawwe de ynspanningen fan de stichting OMV in enoarme ympakt op neibesteanden, lykas dy fan de UK 58. "Elke keer dat we families informeren, is het heftig en emotioneel. Het onderwerp leeft gigantisch. Gedurende al die jaren bleven er altijd vragen en waren ze ermee bezig. Zonder uitzondering zijn ze dankbaar voor ons werk."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.