Helderse kotter dy’t yn 1945 eksplodearre blykt by Skiermûntseach te lizzen

Cees Meeldijk en Gert Overeem © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It wie al sûnt 1945 in mystearje: de lokaasje fan in kotter en de stoflike omskotten fan twa fiskers, dy't yn 1945 slachtoffer waarden fan in eksploazje. Mar no is it wrak - by fersin - fûn by Skiermûntseach.

"Dit is onze houvast in tijden van wirwar", seit Cees Meeldijk. Hy teart mei in pear slaggen in kaart fan in meter by in meter iepen op in tafel yn Frjentsjer. Meeldijk is foarsitter fan Stichting Onderzoek Maritiem Vermisten.

Op de kaart is de Noardsee te sjen, mei rjochtsûnderyn Fryslân en Grinslân. Yn de Noardsee steane hûnderttallen swarte stippen op de kaart.

"Dit zijn alle vermiste schepen en wrakken, op plekken waar je een beetje kunt zoeken. Eindelijk hebben we beet", seit Meeldijk. Hy leit syn finger op in lokaasje. It plak leit sa'n 33 kilometer noardlik fan Skiermûntseach.

Nei hast 80 jier is in miste kotter weromfûn in eintsje benoarden Skiermûntseach

Stichting Onderzoek Maritiem Vermisten is yn augustus fan dit jier oprjochte en siket nei wrakken yn de Noardsee. Dat dogge se yn opdracht fan famyljes dêr't minsken fan weirekke binne op see.

Sa kaam de stichting ek it bysûndere ferhaal tsjin fan de kotter út Den Helder yn 1945. "Dit hele schip is door een ongeluk ten onder gegaan."

Eksploazje troch myn

It is july 1945, sa'n trije moannen nei de Twadde Wrâldoarloch. De kotter HD108 fart fan Den Helder de Noardsee op om te fiskjen. Oan board binne fiif minsken.

Troch de oarloch lizze der noch in soad minen yn it wetter. De Marine Autoriteit seit dat de skippers op dizze lokaasje feilich fiskje kinne, mar dochs helje sy mei de fisknetten in myn nei boppen en dy ûntploft. In eksploazje slacht in gat yn de romp en it skip sinkt fuortendaalks.

It fiskersskip doe't it noch fear © Stichting Onderzoek Maritiem Vermisten

Skipper Jacob Nan Slot stiet op dat stuit yn de stjoerhut en oerlibbet sa de eksploazje. Mei Jan de Boer en Jan Lips, twa oare opfarrenden, wurdt er rêden troch in oar skip.

Lips komt oan board fan dat skip te ferstjerren. Hy hie troch de knal beide skonken ferlern. Hy waard begroeven yn syn wenplak IJmuiden.

Mar de twa oare bemanningsleden, Okke Bais en Engelbertus Zwaan, waarden nea weromfûn.

In stikje oer de eksploazje yn in âlde krante © Stichting Onderzoek Maritiem Vermisten

De ramp fan 1945 bleau in riedsel, want gjinien wist krekt wêr't it fiskersskip sonken wie. Oant in wrakdûkteam in pear moannen lyn de kotter fynt: it falt de dûkers fuortendaalks op dat in grut part fan it middendek oan stjoerboardkant mist.

Opmerklik genôch wie it finen fan dizze kotter net iens it doel: de dûkers sochten eins in oar skip, in miste Wieringer kotter. Mar se nimme wol wat guod mei út it wetter en oan de hân fan gegevens dy't op de manometer steane, wurdt úteinlik dúdlik dat it om de Helderse kotter HD108 giet.

Stichting Onderzoek Maritiem Vermisten docht ûndersyk nei it ferhaal fan de kotter en nimt kontakt op mei neibesteanden. Foar harren is de fynst in grutte ferrassing.

Emosjoneel

"Dat was echt emotioneel," seit Gert Overeem, dy't ek yn de stichting sit. Overeem wurke jierren foar de Maritieme Politie en is bekend mei fermissingen op see.

Hy wit wat soks mei minsken docht. "Het is de onzekerheid die voor veel mensen slopend is. Je hebt het hier uiteraard over een kotter die meerdere generaties terug al verdwenen is. Toch merkten we dat zoiets in de familie blijft leven."

De lokaasje fan de kotter © Omrop Fryslân, Remy de Boer

It is in weardefolle fynst, mar foarsitter Cees Meeldijk jout wol oan dat it finen fan stoflike rêsten net perfoarst it doel is fan de stichting. "Het gaat ons om het identificeren van de plaats waar een schip kan liggen. Dat is voor de nabestaanden al een hele geruststelling."

In spjelde yn in heaberch

"Er liggen zoveel wrakken dat het zoeken juist weer moeilijk wordt," seit Meeldijk. "Het is daardoor zoeken naar een speld in een hooiberg, want welke kotter is nu de juiste?"

Cees Meeldijk en Gert Overeem bûgje har oer de kaart © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De stichting bringt sa folle as mooglik wrakken yn kaart. Wetlik sjoen meie sy gjin skippen boppe wetter helje, mar dat is it doel ek net. "Het is echt puur voor mensen die willen weten waar hun geliefde schip ongeveer ligt", leit Meeldijk út.

De stichting wol de kommende jierren fierder mei it identifisearjen fan wrakken, mar dan moat der wol jild op it kleed komme. Op dit stuit betelje de manlju alles noch út eigen bûse.

"Dat houdt een keer op. De motivatie is dat je het voor mensen doet. Zij kunnen nu eindelijk een vorm van afsluiting krijgen. Maar je moet ook reëel naar de financiën kijken."

Hûnderten wrakken

"Die familie in Noord-Holland hebben we al ongelooflijk blij kunnen maken", heakket Overeem ta. "We hopen dus dat er mensen zijn die in ons project geloven en mee willen helpen. Want het kan een mensenleven glans geven."

Hoefolle skippen en wrakken oft der noch lizze, doarre de mannen net te sizzen. It kin gean om tsientallen oant hûnderttallen.