Opfiske dekkraan bringt aventoer Flylanner dûkers wer ta libben: "Bijzonder gevoel"

It wie ít ferhaal ferline wike. By in CleanUpXL-aksje op de Noardsee waard in dekkraan fan de boaiem fiske. De fynst die by in pear Flylanner dûkfreonen de tinzen weromgean nei 7 jannewaris 1995, de dei dat se op de Linito stiene.
Dirk Bruin kin it him noch goed yn 't sin helje. In groep aventuriers lykas hy en syn freonen soe hjoed-de-dei grif gjin tastimming mear krije om in wrak op te sykjen, in dûk te meitsjen en op it op 'e kop driuwende skip te klimmen. Dochs is dit krekt wat sy dy bewuste dei yn jannewaris diene, 28 jier lyn.
It is in grize en kâlde dei. It sicht is min, mar de see is flak. De kotter TS-7 fan Skylge en de flet Noordkaap fan Flylân reizgje ôf nei de Eierlandse Gronden, krekt wat noardlik fan Teksel. Yn dy omkriten moat it omsleine Noarske frachtskip Linito driuwe.
Op syk nei de Linito
Oan board fan de Noordkaap binne Dirk Bruin, Peter Offinga, Dirk Oosterbaan en Anke Kommerij. De ploech hat berjochten yn 'e krante lêzen oer it skip Linto.
It Noarske frachtskip wie by in swiere stoarm yn need kaam. It 68 meter lange skip rekke stjoerleas en begûn oerside te hingjen. De bemanning kaam feilich fan board, it skip bleau ûndersteboppen lizzen.

Sa'n fêstrûn skip is krekt wat Bruin en konsorten wolris sjen wolle. Bruin en Oosterbaan binne begjinnend wrakdûkers yn de Noardsee. Om 09.55 oere farre sy de haven fan Flylân út, yn westlike rjochting ûnder it eilân del, yn 'e rjochting fan it Eierlandse Gat.
De Noordkaap is in jier earder kocht, mar it docht bliken dat it skip net al te rap fart. It duorret hast trije oeren foar't sy yn de buert komme. Yntusken hâldt de groep kontakt mei Alfred van Nouhuys en Gerben Groenewoud, dy't op de kotter foarútfarre.
Ienkear boppen Flylân sette de skippen koers nei it noardwesten. Van Nouhuys lit de Noordkaap witte dat er in flinke echo op 'e radar hat, in teken dat sy yn 'e omkriten fan de Linito binne.
Understeboppen yn see
Efter in pear wrakboeien stekt de romp boppen it wetter út. De Linito leit dúdlik mei de efterkant op de boaiem fan de see. De bemanningsleden fan de Noordkaap en de kotter oerlizze fia de portofoanen oer it plan fan oanpak. Besletten wurdt dat Bruin en Oosterbaan it dûkpak oanlûke en it kâlde wetter yn springe.

It jout Bruin in bysûnder gefoel: midden yn 'e winter stiet er boppe-op it driuwende skipswrak fan de Linito. It wurdt de manlju fluch dúdlik dat de romp flink meidinet mei it wetter en hurd tsjin de boaiem stjit. Eltse kear as in weach it skip optilt en wer falle lit, klinkt der in dreun.
Foar Bruin en Oosterbaan is it dúdlik: der wurdt gjin dûk makke op it skip en net besocht om der yn te kommen. It wetter is dik, it sicht min, it skip stompt geregeld mei geweld oer de seeboaiem. As sy wat sjen wolle, moatte sy ûnder de Linito krûpe, mar dat soe in gefaarlik aventoer wurde. Dat sy boppe-op it kantele skip steane, is al bysûnder genôch.
Dop derôf
Mar dan sjogge de manlju wat glimkjen: op it heechste punt fan de romp sit in koperen dop. In moai oantinken oan de ekspedysje, sa tinkt Bruin. Fan de Noordkaap wurdt in moerkaai helle om de dop los te draaien. Mei geweld blaast der lucht út it gat wei.

It liket der op dat de boarrel dêr't it wrak op driuwt, ûntsnapt is. Al gau wurdt de luchtstream minder. Ek Groenewoud klimt noch efkes op de Linito en Van Nouhuys makket noch in dûk. Hy giet by de railing del de djipte yn, mar weaget it net om de stjoerhut op de sykjen. It skip dinet en pipet en kreaket.
Koperen dop rekket wei
As eltsenien wer it wetter út is, farre de skippen werom nei it easten ta. Om't der noch wat floed rint, hawwe se de stream mei. De flet en de kotter kieze elts har eigen wei wer en tsjin fjouweren stapt Bruin wer fan board yn de Flylanner haven.
De koperen skroefdop bliuwt noch in skoftke op de Noordkaap lizzen, mar rekket úteinlik wei. Skande, fynt Bruin yntusken. Want it wie in oantinken oan in moai ferhaal.
Wat de aventuriers net wisten, wie dat de Linito de dei nei har besite op de boaiem fan de Noardsee lizze soe. Neffens kunde fan Skylge koe it wolris harren skuld west hawwe, om't sy de dop fan de boaiem ôfdraaid hiene. Hoe't it ek kaam, it soe noch moannen duorje foar't de wrakstikken út see helle wiene.
28 jier letter wer boppe wetter
Mar de dekkraan bleau lizzen. Dy waard net mear fûn. Oant ferline wike dus, doe't de kraan 28 jier letter by in CleanUpXL-aksje út see fiske waard.
"Het is onvoorstelbaar hoeveel rotzooi er nog op de zeebodem ligt", fersuchtet projektlieder Ellen Kuipers. "Troep die echt niet in zee hoort."
CleanUpXL wol nei oanlieding fan de fynst ûndersykje oft it mooglik is in soarte Nasjonaal Offalfûns op te setten, om bergingen lykas dy fan de kraan te finansierjen.
Dit ferhaal is opskreaun oan de hân fan de notysjes fan Dirk Bruin fan Flylân, dy't syn bysûndere ferhaal optekene op syn Flickr-side.