Trije wiken spagetty en gjin panyk, sa kaam Corry op fermiste kotter de tiid troch

Bemanningslid Corry Zeilmaker © Eigen foto

Harnzer Corry Zeilmaker, opfarrende fan de kotter dy't trije wiken fermist wie foar de westkust fan Afrika, hat nea twivele oan in goeie ôfrin fan it aventoer. Sa fertelt syn broer Bennie, dy't yntusken kontakt hân hat mei Corry.

"Corry is gezond. Ik heb hem zojuist nog gesproken", fertelt Bennie. Ek is Corry neffens him net benaud om wer oan board fan it skip te stappen. "Misschien is dat wel een beetje een eergevoel."

Fermist

Corry wie ien fan de opfarrenden fan de kotter AFKI dy't goed fjouwer wiken ferlyn fermist rekke foar de kust fan Nigearia. Rêdingstsjinsten en de kustwachten slaggen der net yn kontakt te krijen mei it skip. Ofrûne freed krigen se foarearst wer kontakt mei de opfarrenden.

De kotter AFKI dêrmei't Corry op paad is © Omroep Flevoland

Dat it skip fan de radar ferdwûn, wie it gefolch fan in tekoart oan brânstof, leit Bennie út.

"Ze hebben aangelegd in een haven in Gambia, waar kapitein Henk Visser van boord is gegaan omdat hij ziek werd. Daar zou een plaatselijk bedrijf drie ton brandstof bijtanken, maar dat bleek maar de helft te zijn. Dat is voor de bemanning niet te controleren, want er is geen brandstofmeter aan boord van het schip."

Troch it brânstoftekoart foel de motor út, wêrtroch it skip ûnbestjoerber op de oseaan dreau. Dochs rekke de bemanning neffens Bennie gjin momint yn panyk. "Ze zijn wel inventief en ze zijn wel wat gewend."

Trije wiken spagetty

"Ze hebben een vuurtje op het dek gemaakt en drie weken lang alleen spaghetti gegeten. Op zo'n boot heb je veel voorraad, dus daardoor konden ze het lang uithouden", seit Bennie.

Bennie Zeilmaker, de broer fan bemanningslid Corry Zeilmaker © NOS

De famylje fan Corry wol graach dat er weromkomt nei Fryslân, seit Bennie, mar dêr liket it foarearst net op. "Ze hebben de opdracht aangenomen, dus die willen ze ook volbrengen", seit Bennie.

Boppedat hat Corry syn broer fersekere dat alles no wer ynoarder is. "Aan de boot mankeert niks, het enige probleem was dat de brandstof op was. Het is prachtig weer daar, dus zij willen graag door. Corry is alleen een paar kilo afgevallen."