Omrop Fryslân

Benno Troostwijk (97) ferivige yn in stroffelstien: “Blij dat ik het heb beleefd”

Benno Troostwijk
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Seis goudkleurige stroffelstiennen lizze sûnt moandei yn de stoepe oan Bij de Put yn Ljouwert. 'Hier woonde Benjamin Troostwijk' stiet op ien stien. No is hy 97 jier âld.
Benjamin Troostwijk - Benno - wie 13 jier doe't de oarloch útbruts. No hawwe hy en syn famylje de earste stroffelstiennen fan de stêd krigen.
De stiennen binne ta de neitins fan syn heit en sus, dy't yn de oarloch omkamen yn konsintraasjekamp Auschwitz.
"In 1941 begonnen de verboden voor Joden. We mochten niet meer in de parken, in de zwembaden, op de sportvelden, enzovoort. Het werd steeds meer. In 1942, op 17 augustus, is mijn vader naar een werkkamp gestuurd."
Toen was het dus stil.
Benno Troostwijk
Dêrnei kaam syn heit yn Westerbork telâne. "Hij is op 2 november 1942 vergast in Auschwitz, met mijn oudste zuster. Toen was het dus stil", fertelt Troostwijk.
"We hoopten na de bevrijding dat hij terug zou komen. Maar dat is helaas niet gebeurd. We kregen van het Rode Kruis bericht dat ze omgekomen waren."
Benno Troostwijk fertelt oer de Twadde Wrâldoarloch
Troch ûnder te dûken hawwe Benno, syn twillingsuster, broer en mem de oarloch oerlibbe. Foar harren is ek in stroffelstien lein.
Troostwijk sels hat fan 1943 ûnderdûkt west yn Bontebok. "Wij sliepen in het land, in een gecamoufleerde aardappelkuil. Daar heb ik zowat tot 1945 geslapen. Alleen als het water te hoog stond, sliepen we in het hooi. Maar een bed heb ik nooit gezien."
Benno Troostwijk fertelt dat der ûnderdûkt wurde moast om feilich te bliuwen
De seremoanje mei sprekkers as oerrabyn Binyomin Jacobs en it lizzen fan de stiennen yn de streamende rein makken djippe yndruk op Troostwijk.
"Ik vond het heel erg plechtig. Dan gaat natuurlijk alles door je heen, maar ik ben blij dat ik het heb beleefd."

Konfrontaasje

Troostwijk sjocht de stiennen as in moai oantinken. "Je wordt er wel mee geconfronteerd. Alles komt weer naar boven", seit er wol.
"Maar het is natuurlijk geweldig dat dit mag. Ik denk iedere dag aan ze. Ze zijn altijd in onze herinnering."

Net skansearre wurde

Om de kâns op antysemityske ynsidinten te beheinen, is der yn if foar gjin omtinken jûn oan de ûntbleating fan de stroffelstiennen.
Troostwijk is der ek no net gerêst op. "Ik hoop dat die stenen niet beschadigd worden. Daar ben ik altijd bang voor geweest."
De earste 'Stolpersteine' fan Ljouwert binne foar Benno Troostwijk en syn famylje
Troostwijk hopet benammen dat jongelju begripe wolle wat der eartiids yn de Twadde Wrâldoarloch bard is en dat se dat nea ferjitte sille.
De famylje fan Benno Troostwijk
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De pleatsing fan de seis stiennen is de offisjele start fan it stroffelstienneprojekt yn Ljouwert fan de Stichting Behoud Joods Erfgoed Fryslân.
De stichting wol de kommende jierren noch sa'n 700 stiennen yn de stêd dellizze, op hast 200 adressen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.