Stroffelstiennen yn Harns fertelle it ferhaal fan de Joadske mienskip

© Omrop Fryslân
De Holocaust liet djippe spoaren nei yn Harns. Oant 4 maaie fertelt Omrop Fryslân alle dagen in ferhaal fan Joadske ynwenners fan de Harnzer binnenstêd, oan de hân fan de stroffelstiennen dêr. Om har net te ferjitten.
De kennis oer de Holocaust ferdwynt, sa die begjin dit jier bliken út in lanlike enkête. Benammen de jongerein yn Nederlân wit net krekt mear hoe't it siet mei Joadeferfolging yn de Twadde Wrâldoarloch.
Om de oantinkens oan de Joadske mienskip yn Fryslân yn libben te hâlden, hat Omrop Fryslân de stêd Harns keazen om it ferhaal fan de Holocaust nochris te fertellen. De situaasje dêr is eksimplarysk.

Mar in fraksje kaam werom

Fan de 160.000 Joaden dy't nei skatting yn maaie 1940 yn Nederlân wiene, binne der sa'n 107.000 deportearre. Fan har kearden mar in lytse 5.500 werom.
Fan de 860 Joaden dy't yn Fryslân wennen, kamen der sa'n 618 yn de kampen om. Mar 17 kearden werom en sa'n 200 Joaden oerlibben de oarloch troch ûnder te dûken.
Fan de 45 Joadske ynwenners yn 1940 kaam gjinien mear werom nei Harns. Mar ien persoan oerlibbe de Holocaust.
De stroffelstiennen yn Harns litte sjen wêr't yn it ferline Joadske húshâldingen wennen
De oantinkens oan dizze Harnzers wurde yn libben hâlden troch tsientallen stroffelstiennen yn de binnenstêd. Oan de hân fan dy stiennen besiket Omrop Fryslân de Joadske mienskip fan Harns wer in gesicht jaan.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen.
Joaden foarmen lang in op himsels steande religieuze minderheid yn Fryslân. De earste Joaden fêstigen har om 1640 hinne yn ús provinsje en kamen benammen út Dútslân wei.
De trije ‘oudste Israëlitische inwoners’ fan Harns yn 1916: J. Wilda (85), J. Blok (75) en J. Pais (79) © Delpher
De measte Joaden wennen yn Ljouwert, mar der wiene ek Joadske mienskippen yn Harns, Boalsert, Snits, Warkum, Hylpen, Noardwâlde en op It Hearrenfean, De Lemmer en De Gordyk. Yn Ljouwert wie de haadsynagoge, mei de oerrabyn.

De Joadske skiednis fan Harns

Harns krige om 1650 hinne syn earste Joadske bewenners. Sa is bekend dat yn 1653 de Joadske Moses Abrahams mei de Harnzer Grietje Douwes troude. It duorre noch goed in iuw foar't der echt sprake wie fan in folweardige Joadske gemeente.
Moses Abrahams en Grietje Douwes yn it Harnzer trouregister yn 1653 © FamilySearch
De earste gearkomsten wiene nei alle gedachten by gemeenteleden thús, al kocht de gemeente yn 1754 ek in âld riedhûs. De earste echte synagoge kaam yn 1785 oan de Grote Ossenmarkt. It wie in keamer boppe in pakhûs, 'van geen byzonder aanzien.'
De synagoge oan de Raamstraat en it plak fan it âlde Joadske begraafplak op de stedswâl © Delpher | Oud Harlingen
Yn 1812 folge nijbou fan in synagoge oan de Raamstraat, mei in bygebouke en in hûs foar de rabbyn. Wer in heale iuw letter folge ek in Joadske skoalle oan de Lanen. Fierder wie der op de stedswâl in Joadsk begraafplak.
De Joaden diene aktyf mei oan it iepenbiere libben, sieten yn ferieningen en wurken faak as lytse selsstannigen.
It ynterieur fan de synagoge yn 1934 © Delpher
De Joadske mienskip fan Harns wie om 1870 hinne it grutst. Der wennen doe 356 Joaden, sa'n 3,5 persint fan de Harnzer befolking. Yn hiel Fryslân wennen doe sa'n 2.235 Joaden.

De ynfal troch Dútslân

Harren oantal rûn stadichoan wol tebek. Doe't de Dútsers Nederlân yn 1940 binnenfoelen, wennen der noch mar 54 Joaden yn Harns, in tsiental flechtlingen út Dútslân en Poalen meirekkene.
De opkomst fan it nasjonaalsosjalisme en de Dútske ynfal wiene in ramp foar harren. Troch de maatregels fan de besetter waarden de Joadske minsken isolearre, bestellen en úteinlik ôffierd en fermoarde yn kampen.
Benjamin en Jansje Pais mei Joadestjerren op 'e klean © Oud Harlingen
Op 10 jannewaris 1941 moasten alle Joaden yn Harns har melde op it gemeentehûs, om gegevens oan te leverjen oer har ôfkomst. Alle Joaden yn Harns wurken mei.
Stadichoan skerpte de besetter de regels oan. Joadske bern mochten net mear nei net-Joadske skoallen en fan 1942 ôf moasten de Joadske Harnzers in Joadestjer op de jas oanbringe.
In grutte klap wie it ferlies fan de synagoge, dy't yn 1941 rekke waard by in fersinbombardemint fan de Britten.

Deportearre en fermoarde

Yn 1942 begûn it ôffieren fan Joaden nei kampen, om se úteinlik systematysk te fermoardzjen. Op 20 augustus 1942 ferlieten de earste Joaden Harns, op transport nei Westerbork.
Utmergele Joadske manlju yn 1945 yn Auschwitz, dêr't de measte Harnzer Joaden telâne kamen © ANP
Tusken augustus 1942 en maart 1943 binne sawat alle Joadske manlju, froulju en bern út Harns weifierd. Sy bedarren foar it grutste part yn de konsintraasjekampen Auschwitz en Sobibor, dêr't sy op ferskriklike wize om it libben kamen.

It ûnbekende lot

It deistich libben gie fierder, ek nei't Harns 'judenrein' wurden wie. Bern boarten mei it efterlitten guod fan har Joadske buorbern. De Joadske huzen waarden sletten en ferkocht of ferhierd.
De koffer fan Benjamin Pais (1861-1942) út Harns yn it Auschwitzmuseum © Oud Harlingen
Nei in rûzige tiid folge op 17 april 1945 de befrijing fan Harns. De jeeps rieden de stêd yn, de feesten begûnen. Pas letter waard it dramatyske lot fan de Joadske ynwenners echt dúdlik.
Yn 1965 kaam der in monumint ta de neitins fan de Harnzer Joaden op it begraafplak © Oud Harlingen
Nei de oarloch ferhuze it grutste part fan de oerbleaune Joaden nei Amsterdam of Israel. De iennige synagoge dy't oerbleau wie dy fan Ljouwert. De Joadske mienskip yn Fryslân telde noch mar sa'n 150 minsken.