Earste Frysktalige stroffelstiennen ea pleatst foar de famylje Kaufmann yn Burgum

Under grutte belangstelling waarden de stroffelstiennen ûntbleate © Omrop Fryslân

Under grutte belangstelling binne yn Burgum de stroffelstiennen fan it pear Paul en Klara Kaufmann ûntbleate. It stel siet yn de oarloch ûnderdûkt yn in wente oan de Boargemaster Bothenius Lohmanloane.

De stroffelstiennen binne makke troch de Dútse keunstner Gunter Demnig. It bysûndere is dat de opskriften yn it Frysk binne. It binne stiennen fan messing. Dêrmei wurde de slachtoffers fan it nasjonaal-sosjalisme betocht.

Paul en Klara Kaufmann sieten yn de oarloch ûnderdûkt yn it hûs. Paul oerlibbe de oarloch net. Hy makke 'm sa bot soargen om it lot fan syn bern dat syn hert dermei ophold. Klara oerlibbe de oarloch wol.

Nea wer ferjitte

It binne de earste twa stroffelstiennen yn Burgum. "Se stean foar hûndert gefallen. Safolle ha hjir allinnich al ûnderdûkt sitten", seit Siebe Siebenga. Hy is de doarpshistoarikus en de driuwende krêft. "It is prachtich en past hjir moai. Dan kinne de minsken nochris neitinke oer de karren dy't sy meitsje. Dat se nea wer ferjitte wat der doe bard is."

Twa stroffelstiennen foar de famylje Kaufmann yn Burgum