Omrop Fryslân

Van Amersfoort spilet foar de lytse Roef (7), dy't 25 operaasjes oerlibbe

Pelle van Amersfoort mei syn neefke Roef
© Omrop Fryslân
Roef wie noch mar acht moannen âld doe't der in tumor yn 'e mage fûn waard. 25 operaasjes en 7 jier fierder, is Roef kankerfrij en spilet omke Pelle van Amersfoort mei syn namme op it shirt.
sc Hearrenfean spilet snein tsjin FC Utrecht dus net yn it tradisjonele shirt, mar yn in spesjaal shirt: wyt mei grize tinten. Mar wêr't it om giet is de namme op it shirt.
Net de haadsponsor Ausnutria, net ien fan de oare shirtsponsors, mar 'KiKa-kinderen kankervrij' komt op it shirt te stean.

KiKa

It is yntusken in soarte fan tradysje. Foar de twadde kear spilet Hearrenfean yn in spesjaal shirt. De earste kear stie de namme fan haadsponsor GroenLeven derop en dy makke plak foar KiKa. Dêrnei wie der efkes gjin haadsponsor en spile Hearrenfean in tal wedstriden mei KiKa op it shirt.
Yn 2020 sieten 15.000 bearkes op de tribunen: dy aksje gie de wrâld oer en helle mear as 300.000 euro op foar KiKa
© Orange Pictures
No komme nammen efter op it shirt te stean fan bern dy't kanker ha, bern dy't der fan wersteld binne of bern dy't de sykte net oerlibbe ha.
Sa spilet Anas Tahiri mei 'Ayoub' op syn shirt. Anas syn neefke Ayoub is yntusken ferstoarn. Sven van Beek spilet mei Jelmar op 'e rêch. Jelmar organisearre ferline jier in koarte broek-aksje om jild yn te sammeljen.

Roef op it shirt

Pelle van Amersfoort spilet mei 'Roef'. Roef is it neefke fan Van Amersfoort, in soan fan syn nicht. "Ik vind het echt heel speciaal om met zijn naam op mijn shirt te spelen."
Pelle van Amersfoort is grutsk dat er mei de namme fan syn lytse neefke spylje mei
Neefke Roef krige al hiel jong te lijen fan kanker. Van Amersfoort: "Hij werd geopereerd in het Prinses Maxima Ziekenhuis. Door een complicatie is zijn dunne darm af gaan sterven. Hij moest daar toen vier maanden blijven."

25 operaasjes

Ek dêrnei belibbe Roef in swiere tiid. "Uiteindelijk heeft hij 25 kleine en grote operaties gehad. Dat is een hele heftige periode geweest."
Mar no is Roef sân jier âld en kankerfrij. "Dat is natuurlijk heel goed nieuws. Hij heeft een aantal jaren controle gehad, maar nu gaat het heel erg goed."
Roef wil doorgeven dat het goed kan gaan na zoiets.
Pelle van Amersfoort
No mei Roef mei syn omke yn it Abe Lenstra Stadion it fjild oprinne. Hy joech syn omke noch wol in boadskip mei.
"Ik moest ook doorgeven dat hij nu zeven jaar is en kan spelen en voetballen met vriendjes. Hij krijgt elke nacht sondevoeding, maar hij kan doen wat hij wil. Het is vervelend geweest, maar hij wil ook doorgeven dat het goed kan gaan na zoiets."
Pelle van Amersfoort, Anas Tahiri en Sven van Beek showe it KiKa-shirt
© sc Heerenveen
Sneintejûn is de wedstriid tsjin FC Utrecht. Mooglik stiet Van Amersfoort dan wer yn de basis, mar dizze aksje makket dat fansels noch spesjaler.
"Heel speciaal. Ik vind dat daar elk jaar aandacht voor moet zijn. Wij hebben het allemaal goed, dat is allemaal leuk en aardig. Maar er zij mensen die helaas hele heftige dingen moeten meemaken. Als dat dan ook nog dichtbij komt, is dat helemaal verdrietig."
Soks sil altyd bliuwe, seit er. "Maar dat we er aandacht aan kunnen geven, dat is heel mooi."

Omtinken jaan

Neffens Van Amersfoort libbet it ûnderwerp wol yn de groep. "Ja, je merkt het wel. Dat leeft wel. Ook door de aandacht in de media. Het is wel een heftig onderwerp. Daar zijn we wel mee bezig."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.