Haye en Tjoe-A-On ha bysûndere reis as Yndonezië-ynternasjonals: "Niet uit te leggen"
"Het is eigenlijk niet uit te leggen", sa begjint Thom Haye syn ferhaal oer syn reis as ynternasjonal fan Yndonezië. Haye en Nathan Tjoe-A-On debutearren ôfrûne wike foar it fuotbalgekke lân. In ferhaal oer ekstreme omstannichheden, bysûndere kadootsjes en de dream fan it spyljen fan in WK.
"Het valt mee, het gaat." Woansdei binne Haye en Tjoe-A-On weromkaam, mar neffens Haye is hy net echt hiel wurch. "Daar naartoe zorgt voor een pittigere jetlag dan andersom, dus dat scheelt."
Op 21 maart spilen se earst thús yn Jakarta. Fiif dagen letter spilen se yn Fjetnam. En sa begûn harren aventoer as ynternasjonals fan Yndonezië.
Grutske pake Tjoe-A-On
Beide fuotballers spylje op dit stuit by Hearrenfean. Haye spile alris wedstriden foar Nederlânske jeugdalvetallen en tocht krekt as Tjoe-A-On net echt oan it fuotbaljen yn Yndonezië.
Dochs wie der altyd in link. De pake fan Tjoe-A-On is berne yn Yndonezië en sa kaam it Yndonezykse bûn ferline jier al by him telâne. "Mijn opa en oma hebben het wel gezien. Ik kreeg wel appjes van ze dat ze trots waren."
Haye en Tjoe-A-On oer harren moaiste momint
De link tusken Haye en Yndonezië siet him yn syn pake en beppe. Dy binne der berne en letter nei Nederlân kaam. Se libje no net net mear.
Beide Hearrenfean-spilers wiene oproppen foar twa kwalifikaasjewedstriden foar it wrâldkampioenskip fan 2026. De earste wedstriid wie yn Jakarta. Yn it Bung Karnostadion spilen se foar sa'n 70.000 taskôgers.
Haye: "Er kunnen 80.000 mensen in het stadion. Volgens mij zeiden ze dat het uitverkocht was, maar dat was het volgens mij niet helemaal."
Yndonezië wint mei 1-0 fan Vietnam. Haye mocht noch net meidwaan, Tjoe-A-On makke wol syn debút. Hy ûnthold foaral dat it muoilik fuotbaljen wie.
Ferlet fan soerstof
"Het zuurstofgehalte in de lucht is heel laag. Je krijgt bijna geen lucht en het is super warm. Het veld is niet top en je kunt elkaar bijna niet horen. Dat is moeilijk voetballen. Dan ga je al snel resultaat spelen."
Haye siet op de tribune, mar hâlde it dêr net fol. "Ik had op de tribune gewoon moeite met ademen. Je hebt heel veel druk van die warmte. Ik wilde zo lang mogelijk op de tribune blijven, maar we konden op een gegeven moment in een ruimte komen met airco. Toen ben ik met een paar jongens daar gaan kijken, want het was op de tribune niet uit te houden. En dan stond ik niet eens op het veld."
De twadde wedstriid wie wer tsjin Vietnam. Dizze kear yn it nasjonale stadion fan Vietnam yn Hanoi foar sa'n 40.000 taskôgers.
Indonesië wint wer en dizze kear sels mei 3-0, en no mei Tjoe-A-On én Haye yn de basis. Al nei acht minuten jout Haye út in corner in assist foar de 1-0. Jay Idzes (âld-Go Ahead Eagles) kopt de foarset fan Haye binnen.
Indonezië stiet no twadde yn de pûl en de kâns is grut dat se trochgean nei de lêste faze fan it WK-kwalifikaasjetoernoai. Se moatte noch ien kear winnen en se moatte noch thús tsjin de nûmer lêst: de Filipijnen. Tjoe-A-On: "Ik denk dat de kans groter is dat we nu doorgaan dan dat we niet doorgaan."
Hoe realistysk is it heljen fan it WK?
Se komme dan yn yn groep fan seis ploegen. De earste twa gean nei it WK. De nûmers trije en fjouwer krije noch in kâns. Se treffe yn dy pûl dan mooglik sterke lannen sa as Súd Korea, Australië of Japan, mar ek lannen as Kirgizië, Oman of Jordanië binne mooglike tsjinstanners.
"Het ligt natuurlijk aan de loting. In welke poule je komt. Er zitten pittige landen tussen."
Haye: "Je moet er voor zorgen dat je tegen zeg maar de kleintjes moet winnen. Maar het wordt wel lastig. Maar het is voor niemand lekker om in Jakarta te voetballen. Dat wordt daar heel anders. Dat gaat voor sommige landen echt moeilijk worden."
Ik kreeg Lego. Gewoon auto's van Lego die je dan zelf kunt maken."
Fuotbal is hiel grut yn Yndonezië. Der libje 267 miljoen minsken en neffens Tjoe-A-On is santich prosint gek fan fuotbal. "Het wordt echt heel anders beleefd. Je merkt het ook bij het hotel bijvoorbeeld. Bij het ontbijt staan er al mensen in de lobby. Er zijn gewoon altijd mensen die met je op de foto willen."
Haye: "Het hotel waar we zaten was heel groot, maar de hele dag door zijn er mensen in het hotel. Op een gegeven moment weten ze waar je gaat eten en waar ze langs moeten lopen om je te zien."
Lego
Mar alles giet wol op in moaie wize. Se binne hiel freonlik. "Het is heel gemoedelijk, het zijn vooral hele lieve en enthousiaste mensen," sa seit Haye. "Ze willen altijd een foto of ze staan met shirts. En ze willen je cadeautjes geven. Sleutelhangers met mijn foto er in, shirts en petten."
Tjoe-a-On: "En ik kreeg Lego. Gewoon auto's van Lego die je dan zelf kunt maken."
It drokst is it momint dat se nei de training gean. "Dan staan er de meeste mensen", sa seit Haye. "Dan moet je echt doorlopen onder begeleiding, want anders blijf je daar eeuwig staan."
Yn de seleksje fan Yndonezië spylje nochal wat spilers dy't yn Nederlân spile ha of yn Nederlân berne binne:
- Ragnar Oratmangoen (âld-Cambuur, no by Fortuna Sittard);
- Justin Hubner (âld-Den Bosch, no by Cerezo Osaka yn Japan);
- Ivar Jenner (Jong FC Utrecht);
- Rafael Struick (ADO Den Haach);
- Jay Idzes (âld-Go Ahead Eagles, no by Venezia);
- Marc Klok (âld-Utrecht, no Persib yn Yndonezië);
- Shayne Pattynama (âld-Ajax, no Eupen yn België).
Yn Yndonezië binne se al langer dwaande om te besykjen it nivo omheech te krijen. Yn 2006 wie der noch in Fryske link mei it Yndonezyske fuotbal. Foppe de Haan wie doe efkes trainer fan Jong Yndonezië. En dat krige Haye te hearren doe't hy yn Yndonezië wie.
"Dat is wel grappig, want één van de masseurs die liet foto's zien met Foppe voor een hotel in Nederland."
Sosjale media
Dat Yndonezië fuotbal machtich fynt, is ek te fernimmen oan harren sosjale media. Tjoe-A-On: "Ik had op Instagram denk ik 200.000 volgers en nu 450.000."
Haye: "Ik zei nog voordat ik daarheen ging: ik ga het in de gaten houden. Voordat ik naar Indonesië ging had ik 212.000. En nu ben je twee weken verder en zit ik bijna op 600.000."
Op 5 juny spilet Yndonezië wer in WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin it Irak fan Hussein Ali. 11 juny is dan de lêste wedstriid yn de pûlfaze tsjin de Filipijnen.